Bekerlotting: Hearrenfean tsjin AFC, Cambuur tsjin Ajax Amateurs
Sportklup Hearrenfean nimt it yn de earste ronde fan de KNVB-beker út op tsjin AFC. Dat die sneontejûn bliken by de lotting foar it bekertoernoai. SC Cambuur iepenet it bekertoernoai mei in útwedstriid tsjin Ajax Amateurs.

Ek Harkemase Boys gie sneontejûn mei yn de lotting. De Harkiten nimme it thús op tsjin DOVO. De ploech berikte it haadtoernoai nei in stunt tsjin Katwijk.
De wedstriden yn de earste ronde fan de de TOTO KNVB Beker wurde spile op 26, 27 en 28 oktober.