Rein Swart yn It Polytburo: "Verhuurdersheffing er in één keer af"

Rein Swart fynt dat de ferhierdersheffing "er in één keer" ôfhelle wurde moat. Hy is it mei Ollongren iens dat der wer in minister fan wenjen komme moat.
© Omrop Fryslân
Der is krapte op de huzemerk en de huzeprizen rinne rap op. It is dreech om in wenning te keapjen of te hieren, benammen as starter.
Rein Swart, âld-baas fan wenningkorporaasje Accolade, jout ta dat it tekoart oan hierwenten diels ek oan wenningkorporaasjes sels ta te skriuwen is. Wenningkorporaasjes hawwe de ôfrûne jierren nammentlik in protte wenten ferkocht. "Dat is onnozel, dat hadden we niet moeten doen."

'Prognoses waren anders'

De foarsizzingen soenen korporaasjes oanset hawwe ta it ferkeapjen fan wenten. "De prognoses, ook hier in Fryslân, waren heel anders dan wat het uiteindelijk is geworden."
"Die gezinsverkleining zagen we wel aankomen, maar in combinatie met de krimp dachten we 'dat moet kunnen'", seit Swart. "Maar de realiteit is dat er geen krimp heeft plaatsgevonden."
Rein Swart oer de ferkearde prognoses en ferhierdersheffing:
Doe kaam de saneamde ferhierdersheffing, in belesting foar wenningkorporaasjes. "Wat er gebeurde: de bodem van de staatskas werd zichtbaar. Iedereen was op zoek naar geld. Wij werden gezien als kippen die op gouden eieren zaten", leit Swart út.
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Rein Swart.
"Dat had consequenties voor de keuzes die toen in de Tweede Kamer gemaakt zijn." De heffing soe earst in tydlike maatregel wêze om jild binnen te heljen. "Onze zorg was toen al dat 'ie structureel in de begroting zou worden gefietst, en dat bleek uit te komen."

Heffing ôfskaffe

In mearderheid yn de Twadde Keamer wol de belesting no folslein ôfskaffe, om't it it oplossen fan de wenningneed behinderje soe. It kabinet hat tasein om der earst 500 miljoen by wei te heljen. "Die verhuurdersheffing, ongeveer 1,8 miljard nu, moet je er in één keer afhalen. Dat geeft zoveel investeringsruimte aan corporaties."
Rein Swart oer de wenningneed:
Swart fynt it probleem yn Fryslân driuwend: "Ik vind gemiddeld drie, vier jaar wachten op een woning in Fryslân veel te lang. Ik heb gesproken met Friese jongens en meisjes die op hun 25e nog thuis wonen, die geen woning kunnen krijgen. Dat wil je niet."
Der soe neffens him rap by boud wurde moatte. "Op korte termijn zes- tot tienduizend woningen. Dat zou prima kunnen."
It ferkeapjen fan wenten is ek flugger dien as it bybouwen fan nije hierwenningen. "Dat volume is een probleem. Het kostte ook in de tijd dat ik bij Accolade zat al veel moeite om aan de juiste gronden te komen."
Ik denk dat het belangrijk is dat de overheid hier de regie over neemt.
Rein Swart, âld-baas wenningkorporaasje Accolade
Der wurdt fan Den Haag út al oproppen om wer in minister fan wenjen oan te stellen. Húsfêsting falt no noch ûnder it Ministearje fan Binnenlânske Saken, ûnder minister Ollongren. Sy rôp freed sels op ta it oanstellen fan in nije minister.
Swart fynt ek dat Nederlân in minister fan wenjen nedich hat. "Ik zou het op prijs stellen als er weer een minister van wonen komt, en ik denk dat het belangrijk is dat de overheid hier de regie over neemt."
Rein Swart oer de oplossing foar it probleem:
De oerheid soe hjir "grotere slagen" yn dwaan kinne. Neffens him komme gemeenten der sels net sa gau út. "Zolang we met elkaar blijven soebatten over wanneer en op welke locatie, kom je er niet."

Optimistysk oer de takomst

Nettsjinsteande de hjoeddeistige situaasje op de huzemerk hat Swart betrouwen yn de takomst. "Ik denk dat we echt door moeten pakken. We zijn hier in Fryslân gezegend met heel goede bouwers."
Wat de formaasje oanbelanget sjocht Swart leaver in sakekabinet as in minderheidskabinet. "Ik denk op dit moment een zakenkabinet, met specialisten op alle terreinen. Dan kun je stappen zetten." Hy soe dan sels wol minister fan wenjen wurde wolle: "Ik zou het doen."
© Omrop Fryslân, Gerco van Beek