Starumers moatte fjirtich minuten ride foar tagongstest: "Lekker thús kôkje"

Fryslân hat fan dit wykein ôf alve lokaasjes dêr't minsken har teste litte kinne foar in coronatagongsbewiis. Wa't net faksinearre of krektlyn opknapt is fan it firus, kin oan in tagongsbewiis komme troch in negative test ôf te leverjen. Mar mei dy alve lokaasjes bliuwe der plakken dêr't minsken lang reizgje moatte.
De haven fan Starum mei in terras op de foargrûn © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Ynwenners fan Starum binne it langst ûnderweis nei sa'n testlokaasje. Demisjonêr minister Hugo de Jonge sei earder ta dat in testlokaasje foar hast elkenien binnen tweintich minuten mei de auto te berikken wêze moat.
Dat slagget lang net altyd en foar Starumers dus al hielendal net. Dy soene foar in coronapas nei Snits moatte en dat is in minút as fjirtich riden.
Se binne der net bliid mei yn Starum:
It Stavers Belang foarsjocht praktyske problemen: "It is in hiel ein", seit foarsitter Margriet Kampen. "As minsken yn in restaurant werom stjoerd wurde, geane se net nei Snits ta om te testen. Ik tink dat it foar de restaurants dreech wurdt."
Dêr is restauranteigener Siebe Sijtsma ek benaud foar. "Wat in muoite om gewoan even út iten te gean."
Hy wol graach dat der minsken nei syn restaurant ta komme, mar begrypt it hiel goed as minsken dat no minder dogge. "Stel ik ha gjin hoarekabedriuw, dan soe ik lekker thús kôkje foar myn gasten. Dan hoege se ek net te testen."