Mei 'Grutte Pier' nei Nice yn de fyftjinde Rammelbakkenreis

Se dreamden der al jierren fan: yn in opknapte auto meidwaan oan in barreltocht. Oer in pear dagen is it safier en ride Auke Meijer fan Rottum en Tjeerd Talman fan De Knipe mei in âlde Volvo 850 nei it Frânske Nice.
'Grutte Pier' © Auke Meijer
Net elke auto hat in namme, mar dy fan Auke Meijer fan Rottum en Tjeerd Talman fan De Knipe hat mei rjocht de namme 'Grutte Pier' krigen. Mei de ymposante wein sille se meidwaan oan de fyftjinde edysje fan de Rammelbakkenreis. Dy giet hielendal nei de Côte d'Azur.
Gewoanwei set de tocht útein yn Nederlân, mar troch corona is de start dizze kear yn Frankryk. "Sa geane we elke dei in stapke fierder nei it suden fan Frankryk", seit Meijer. "It is prachtich toeren mei dat âlde guod."

Losse bougies

It wie op in jierdei dat Meijer en Talman op it idee kamen om mei te dwaan oan de Rammelbakkenreis. "We hiene Marktplaats derby", seit Meijer. "Dêr stie in auto. We ha in bod útbrocht fan 300 euro en de oare dei wie dy auto samar fan ús."
We ha der moannen mei dwaande west.
Auke Meijer oer syn auto foar de Rammelbakkenrace
De âlde eigeners koene de auto net mear oan de praat krije, mar it slagge Meijer en Talman samar: de bûzjys sieten los. "Dy ha we oantreaun, en hy rûn wer as de brânwacht", seit Meijer. En no kinne de twa dus op reis.

Pompeblêden

"Ik tink dat wy ien fan de moaiste, sa net de moaiste auto hawwe", seit Meijer oer syn 'Grutte Pier'. De auto is beskildere mei pompeblêden, mar dat is noch lang net alles. Sirenes, swaailjochten, in muzykynstallaasje oan de bûtenkant, houtsjes fan it reedriden. Meijer: "We ha der moannen mei dwaande west."
Auke Meijer oer de Rammelbakkenreis mei 'Grutte Pier'