Busline yn Ljouwert ferdwynt, frijwilligers fersoargje ferfangend ferfier

Ferfierder Arriva en de provinsje Fryslân skrasse yn desimber in busline yn Ljouwert. It giet om line 1, nei de wyk Westeinde ta. Yn plak dêrfan fersoargje frijwilligers it ferfier mei in wykauto.
De frijwilligers kinne buertgenoaten oeral nei ta bringe:
It is ien fan de maatregels yn it stedsferfier, omdat der minder reizgers yn it iepenbier ferfier binne. Nei oerlis tusken Arriva en it wykbelang fan Westeinde is de wykauto as oplossing nei foaren kaam. Dy wurdt op mear plakken yn Fryslân brûkt.

Frijwilligers ferfiere reizgers

"De auto komt by it wykgebou te stean", fertelt Lieuwe Tamminga fan it wykbelang. "Moarns om acht oere komt de earste sjauffeur. Dy kin de auto meinimme en mei minsken út de wyk nei plakken ta ride."
"Minsken wurde fan hûs wei ophelle en wurde brocht wêr't se mar hinne wolle. Dat kin it stasjon wêze, it sikehûs, de stêd, in wyklikse swimôfspraak."
Arriva leveret yn desimber de auto, it wykbelang soarget foar de frijwilligers. De tweintich frijwilligers planne de ritten en ferfiere de reizgers. It wykbelang kin mear sjauffeurs en planners brûke.

Earst noch net elektrysk

Uteinlik is it doel om in elektryske auto te brûken as ferfanger fan de bus. Mar omdat it noch in skoft duorret foardat dy levere wurdt, rydt fan desimber ôf earst in gewoane auto troch de wyk.