Stellingwerver beamkeunstner makket byld fan Harry Muskee út Drintske iik
Beamkeunstner Jelmer Zwaan, berne yn Boyl, hat fan in beam in byld makke fan Harry Muskee. Oanlieding is de 10-jierrige stjerdei fan de bluesleginde út Drinte.

It idee foar 'Muskee yn hout' kaam fan Cubyleafhawwer Lukas Wever út Hengelo. Hy wie lange tiid befreone nei Muskee en woe wat spesjaals dwaan mei de stjerdei fan de frontman fan Cuby & the Blizzards.
Wever frege Jelmer Zwaan dy't no yn Meppel wennet, it byld te meitsjen. Foar it Muskeebyld naam Zwaan in omwaaide ikebeam út Drinte ûnder hannen, mei de woartels der noch oan. As foarbyld brûkt er foto's dy't Rudy Leukfeldt fan Harry Muskee makke hat.
It byld stiet no foar it Cuby & the Blizzards-museum yn Grollo. It is twa meter heech wurden. It grutte wurk is dien. De kommende dagen sil Zwaan it gesicht noch mear útdrukking jaan. Op 25 septimber moat it byld klear wêze.