HEA! De bruorren Douwes ha nije masines

Foppe Douwes hat alle dagen twa fêste adressen dêr't hy melkt. Dat docht hy al jierren sa en ek yn de wykeinen is hy dêr altyd oan it wurk. Hy hat net in soad frije tiid, mar salang't hy gjin freondinne hat, kin dat noch wol, sa seit er sels. En Rindert hat de ôfrûne perioade fjouwer nije lânboumasines kocht. Hy is mei de masines goed taret op alle situaasjes en omstannichheden.
HEA! De bruorren Douwes 3
Hea! hat de bruorren Douwes yn de simmer folge en de kommende seis wiken is der alle tiisdeis in nije ôflevering mei de aventoeren fan dit bysûndere duo.