Wat betsjut dizze troanrede foar Fryslân?

De Kening hold tiisdei de troanrede, wêryn't er de wichtige tema's foar it nije kabinet bespruts. Wat betsjut dizze taspraak foar Fryslân? Trije Fryske politisy reagearje.
Reaksje Fryske politisy op troanrede
Kommissaris fan de Kening Arno Brok: "Wat ik moai fûn yn it earste part is dat ús kening rom omtinken hie foar de ferbining. It binne drege tiden, it binne ûnrêstige tiden, der is in soad ûnwissichheid yn de mienskip. En dat de kening besocht hat om dúdlik ferbining te meitsjen en utering te jaan oan it feit dat wy in ryk lân binne en dat ek wol bliuwe. En dat der in soad is om tankber foar te wêzen."
Fryslân waard yn de troanrede net spesifyk neamd, Brok fynt lykwols net dat ús provinsje hielendal oerslein is. "De kening hie moaie wurden oer lânbou, wy wolle ek yn de takomst lânbouprovinsje bliuwe. Net allinne om it ekonomyske belang, mar ek omdat it de kwaliteit oanjout fan ús lânskip yn Fryslân. Yn dy sin wie der rom omtinken, ek foar Fryslân dizze kear."
Dat oer de stikstof neat sein is, dat fyn ik hiel spitich.
Deputearre Klaas Fokkinga
Deputearre Klaas Fokkinga hat wer oare dingen heard yn de taspraak. "Fan myn portefúlje út reagearjend, binne my twa dingen opfallen. De boeren binne neamd wurden yn relaasje mei de foedselfeiligens, it lânskip en ek de ekonomy, de wearde dy't se hawwe. Oan de oare kant it is ek sa dat oer de stikstof neat sein is, dat fyn ik hiel spitich."
Der is ek bekend makke dat der ien miljard euro útlutsen wurdt foar de bou fan nije wenten. "As blykt dat dat dochs ferparte wurde moat, dan sille wy derfoar wurkje om in relatyf goed stik hjir ek nei Fryslân ta te krijen", seit Fokkinga.

Enerzjytransysje

Deputearre Sietske Poepjes is wiis mei de wurden oer klimaat en de oergong nei skjinnere enerzjy. "De enerzjytransysje, hoe komme wy oan ús stroom, hoe komme wy oan ús waarmte? Dat is in ûnderwerp wat dit kabinet, al is it demisjonêr, dochs oppakt. Dat sil ek wol moatte, want de problemen mei it klimaat, mar ek mei minsken dy't harren wenten oars ferwaarmje wolle, bliuwe trochgean."
Der sil ek jild yn it Fryske stroomnet stutsen wurde moatte, want dat is yn in soad gefallen net geskikt foar wynmûnen of sinnepanielen. "Dit stroomnet is doe net makke foar minsken dy't ek weromleverje koenen. It is dus ek goed om te sjen dat it Ryk, mar ek Liander en Tenet überhaupt al sjogge nei 'wêr komme de dikkere triedden?'. En dat moat ek, oars komt it net goed."