COA wol needopfang foar 600 asylsikers yn Friezenhal yn Ljouwert

Der moat in needopfang komme foar asylsikers yn de Friezenhal yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dat wol it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA). De gemeente Ljouwert hat posityf op it foarstel reagearre en nimt ynkoarten in definityf beslút.
It COA hat de gemeente Ljouwert fersocht om fan 20 oktober ôf in needopfang foar 600 minsken yn te rjochtsjen yn de Friezenhal. De hal soe dan foar in perioade fan in healjier as opfanglokaasje tsjinje. Dy perioade kin op syn meast twa kear trije moannen ferlinge wurde.

Kolleezje posityf

It kolleezje fan B en W fan Ljouwert lit witte posityf tsjin it foarstel oer te stean. De gemeente wol ynkoarten yn petear mei it COA om hjir ôfspraken oer te meitsjen.
It COA hat mear opfanglokaasjes nedich, om't alle reguliere lokaasjes fol binne troch in hegere ynstream fan asylsikers. Earder sei Arno Brok al dat de Fryske gemeenten ree binne om flechtlingen op te fangen.
"Het is iets wat op de korte termijn moet", seit boargemaster Sybrand Buma. "Het probleem is dat de opvang vol is. Enerzijds neemt de instroom toe, anderzijds wordt de uitstroom moeilijker. Veel mensen komen uit de regio van Syrië, zij arriveren in een andere wereld. We hebben goede afspraken met het COA kunnen maken over de beveiliging van het complex en het gebied eromheen."
Richard Schrage fan de wykferiening by it WTC
Richard Schrage fan de wykferiening by it WTC ferklearret dat de needopfang fan de feriening wolkom is. "As wy werom tinke oan 2015, doe wie der ek opfang yn it WTC. Us ûnderfining doe wie dat wy der net in soad lêst fan hân hawwe. Der is in boarterstún yn de buert, dêr hawwe dy minsken doe ek in soad gebrûk fan makke. Wat ús oanbelanget binne sy wolkom. Fansels sille der minsken wêze mei fragen oer it hoe en wat. Dy minsken binne bliid dat sy in plakje hawwe."