Fryske kapster docht it hier fan ministers en Keamerleden op Prinsjesdei

Kapster Ynola Lommerse fan Menaam docht tiisdei it hier fan ministers en Keamerleden foar Prinsjesdei. De âld-Friese Poort studinte waard yn 2020 Nederlânsk kampioen, en wie dêrmei de bêste learling-kapster fan Nederlân.
Lommerse docht it hier fan steatssekretaris Mona Keijzer © WorldSkills NL
Se waard dêrom útnûge troch WorldSkills Netherlands om it wurk fan fakminsken fan it mbû sjen te litten. Prinsjesdei 2021 moat yn it teken stean fan fitale beroppen, seit WorldSkills Netherlands. Njonken Lommerse waarden dêrom ek oare spesjalisten útnûge. Ferskate politisy binne delkaam yn de salon.
Lommerse hat it hier fan ûnder oaren demisjonêr minister Ingrid van Engelshoven, demisjonêr steatssekretaris Mona Keijzer en Twadde Keamerleden Lisa Westerveld en Anne Kuik dien.

Fakmanskip

"Een bezoek aan de salon is voor mij een traditie geworden", seit Twadde Keamerlid Anne Kuik. "Hoe fijn is het om door deze vakmensen mooi gemaakt te worden. Op deze manier kunnen we het vakmanschap in de kijker zetten. Dat verdienen deze toppers!"