Net de hiele klasse hoecht mear nei hûs by in besmetting

Basisskoallen hoege fan moandei ôf net mear hiele klassen nei hûs ta te stjoeren as ien learling mei corona besmet is. Allinnich de besmette learling moat thús bliuwe, plus de klasgenoaten dy't yn nau kontakt west hawwe mei it bern.
Noventa-skoalle De Bernebrêge yn Surhústerfean © ANP
Neffens it demisjonêre kabinet is de maatregel om in klasse nei hûs te stjoeren te swier wurden yn 'dizze faze fan de pandemy.' De GGD sjocht mei de âlden fan in besmet bern mei wa't dy yn kontakt west hat. As der meardere coronagefallen yn in groep binne, kin de klasse op advys fan de GGD noch wol nei hûs ta stjoerd wurde.
Goed foar de klasse soenen je sizze, want it ûnderwiis kin dan trochgean. Mar it smyt de skoallen wer in fraach op: hoe bepalje je oft ien nei hûs moat en de oar net?

Wat binne 'nauwe kontakten'?

Harrie Steenstra is direkteur fan skoalkoepel Noventa, mei alve basisskoallen yn Achtkarspelen. Hy seit: "Dat is het probleem in deze regeling: we kunnen dat eigenlijk niet. De veronderstelling dat kinderen in kleine groepjes bij elkaar blijven zitten, klopt niet. Wat zijn 'nauwe contacten'? Dat is heel moeilijk te definiëren."
Noventa folget no de line dat de besmette learling thús bliuwt. "Op dit moment hebben we zo'n situatie op één van onze scholen. Maar voorlopig lijkt het er op dat we gaan werken met: de zieke leerling blijft thuis en de andere kinderen gaan zoveel mogelijk naar school. De klassen blijven zoveel mogelijk intact, tenzij het overduidelijk is dat kinderen klachten hebben. Dan nemen we andere maatregelen in overleg met de GGD."
Direkteur Harrie Steenstra fan skoalkoepel Noventa
As der mear learlingen yn in klasse besmet reitsje, dan kin de kar wol makke wurde om de groep thús te litten. Steenstra: "De afgelopen weken is dat wel gebeurd. Maar we zien dat de besmettingen toch wel vaak binnen gezinnen blijven."

Bern boartsje

Je kinne net foarkomme dat bern ticht byinoar komme, seit Steenstra. "Kinderen hebben voortdurend contact met elkaar, ze spelen met elkaar op de pleinen en in de gangen. Ze zitten niet de hele dag in vaste groepjes, het loopt door elkaar."

"Wy weagje it der op"

Dochs is Steenstra wol wiis mei it skrassen fan de maatregel troch it kabinet. "Het is misschien minder makkelijk, maar we zijn er wel blij mee. Het is een beetje: we wagen het erop. Je kunt niet alles voor zijn."
Boppedat skat Noventa yn dat in grut part fan de dosinten faksinearre is en hat de skoalkoepel derfoar soarge dat op alle skoallen de fentilaasje oan de noarmen foldocht.