Der komt in ekstern juridysk ûndersyk nei gaswinning Waadsee

In mearderheid fan de Twadde Keamer hat ynstimd mei it fersyk foar ûnôfhinklik juridysk advys oer gaswinning yn de Waadsee. De fraach is yn hoefier't wetjouwing de minister de mooglikheid jout om in gaswinfergunning te wegerjen by de Waadsee.
Ferslachjouwer Mats Gies fan RTV NOF oer it ûndersyk:
It fersyk is op inisjatyf fan SP-Keamerlid Sandra Beckerman foarlein oan de kommisje foar Ekonomyske Saken en Klimaat. It waard mei yntsjinne troch D66, CDA, PvdA, GrienLinks, PvdD en ChristenUnie.
SP-Keamerlid Sandra Beckerman © ANP
De fraksjes fan de BoerBurgerBeweging en BIJ1 hawwe it foarstel stipe. Sy wolle dus witte oft de minister mooglikheden hat om in winningsfergunning te wegerjen.

Blok: wegerje kin net

In grut diel fan de Keamer, mar ek natuerorganisaasjes, de regionale en lokale polityk wol de gaswinning by Ternaard tsjinhâlde. By syn besite oan Ternaard sei demisjonêr minister Blok dat dat net kin. Hy seit dat er de fergunning allinnich wegerje mei as der dúdlike gefaren binne. Neffens him toane ûndersiken dat net oan.
Demisjonêr minister Stef Blok © ANP
De Keamerleden wolle dêr no dúdlikens oer. Want as bliken docht dat de redenearring fan Blok net kloppet kinne jo in oar debat fiere, seit GrienLinks-Keamerlid Laura Bromet: "Dan kunnen wij het gaan hebben over de wenselijkheid van gaswinning onder de Waddenzee. Dat kan nu niet, want Blok slaat met zijn argumentatie het debat dood."
Keamerlid Laura Bromet (GrienLinks) oer de juridyske toets
Bromet doart net te sizzen oft dit wat úthellet foar de plannen foar de gaswinning by Ternaard: "Het zijn allemaal kleine stapjes. Wij vinden het onbegrijpelijk dat Blok niet zelf bedenkt dat dit niet wenselijk is. Vooral met de klimaatverandering en de zeespiegelstijging. We wachten nu af hoe dat advies uitpakt."

Juridyske stappen

De Waadferiening is bliid mei it nijs dat der in ekstern juridysk ûndersyk komt. Se litte witte dat se dat yntinsyf folgje sille. Yntusken ûndersykje se sels ek juridyske stappen.