De soarch rint op it toskfleis: sikehuzen wrakselje mei personielskrapte

Soarchmeiwurkers rinne hieltyd mear op it toskfleis. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it fakbûn FNV ûnder 12.000 leden yn de soarch. Mar ek yn sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean wurdt it pynlik dúdlik. Benammen op drokke mominten kin de soarch yn 'e knipe komme.
By Tjongerschans sykje se kreatyf nei oplossingen:
It syktefersom yn de soarch hat de ôfrûne 18 jier net sa heech west: it leit dit jier yn trochsneed op 6,5 persint. Mar dat seit op himsels noch net safolle, leit wurdfierder Daan van den Broek fan sikehûs Tjongerschans út.
Op piekmomenten kan het ziekteverzuim oplopen tot 10 of 15 procent. Dan vallen er echt gaten in de roosters.
Daan van den Broek fan sikehûs Tjongerschans
"Wat eigenlijk interessanter is zijn de pieken die in het ziekteverzuim kunnen optreden. Op een afdeling is niet continu 6,5 procent ziekteverzuim, maar het fluctueert. Op piekmomenten kan het ziekteverzuim oplopen tot 10 of 15 procent. Dan vallen er echt gaten in de roosters en dat heeft impact op de zorg", seit Van den Broek.
Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean © Omrop Fryslân
Yn in situaasje mei 100 ferpleechkundigen soene der yn dat gefal 15 minsken thús sitte. "Dan vallen er twee diensten uit en dat houdt in dat er één of twee patiënten niet verzorgd kunnen worden."

Corona-útfal

Dat it syktefersom heech leit, komt neffens Tjongerschans echt troch de coronapandemy. "Sommige mensen zijn moe, anderen krijgen zelf corona. Ook al is men gevaccineerd en voelt men zich niet ziek, men kan niet komen werken. De rek is er op een gegeven moment gewoon uit."
De coronacrisis is een vergrootglas en legt bloot wat de problemen nu zijn. De zorg in deze hoedanigheid is heel erg kwetsbaar.
Karim Skalli fan FNV Zorg & Welzijn
Karim Skalli fan FNV Zorg & Welzijn sjocht it sa: "De coronacrisis is een vergrootglas en legt bloot wat de problemen nu zijn. De zorg in deze hoedanigheid is heel erg kwetsbaar. Er zijn te weinig mensen en er is onvoldoende geld om mensen te krijgen en te houden."
© ANP
Tjongerschans docht der alles oan om problemen foar te kommen. Van den Broek: "Ziekenhuizen werken met flexibele schillen en er wordt gekeken naar het op elkaar afstemmen van piekmomenten. We kunnen ook personeel op andere plekken inzetten."
By in syktefersom fan 5 persint is soks noch goed te dwaan. "Maar als het hoger komt te liggen, dan wordt het moeilijker."
Daan van den Broek (Tjongerschans) en Karim Skalli (FNV Zorg & Welzijn)
Dêrby komt ek nochris dat de útstream heech is en dat it behâlden fan nij personiel ek dreech is. "Dan moeten mensen extra diensten werken. Dat is een grote uitdaging, dat houd je maar beperkt vol. Het is een zichzelf versterkende ontwikkeling."

Ynstream fan nije ferpleechkundigen

Yn Tjongerschans wurde alle jierren sa'n 160 ferpleechkundigen oplaat. Van den Broek: "Op een bestand van zo'n 900 verpleegkundigen houdt dat in dat zo'n één op de zes een verpleegkundige in opleiding is. Als 24 uur gedekt wordt door drie diensten, dan is dat dus ook al één op de drie. Dat is wel echt het maximum."
© Omrop Fryslân
As der mear oplaat wurde moatte, dan soe de kapasiteit ek grutter moatte. "Je kunt denken aan het aantrekken van mensen die net de zorg hebben verlaten hebben, maar die wel open staan voor een baan in het opleiden." Dochs bliuwt it in drege kwestje.

Jonge ferpleechkundigen heakje ôf

Dêr't jonge ferpleechkundigen eins soargje moatte foar ynstream, sjocht FNV mei it ûndersyk dat der yn de praktyk in soad nije soarchwurkers ophâlde.
Skalli: "In de gehandicaptenzorg komen bijvoorbeeld 36.000 mensen per jaar bij, maar stromen 32.000 ook weer uit. Van de uitstromers is maar liefst 62,5 procent onder de 40 jaar. Dat doet wat met de toekomstbestendigheid van de sector. Dit geldt eigenlijk voor alle zorgbranches."
FNV hopet dat polityk en wurkjouwers aksje ûndernimme. Dan giet it ek oer salaris. "Mensen in de zorg verdienen tot negen procent minder dan in de private sector. Dat moet gelijkgetrokken worden."