Dantumadiel set 'minimacoach' yn tsjin skuldproblematyk

Gemeente Dantumadiel set tenei in 'minimacoach' yn om skuldproblematyk yn in ier stadium te sinjalearjen. Dizze coach kin minsken stypje om út de finansjele problemen te kommen.
© Shutterstock.com (vectorfusionart)
Sûnt dit jier is 'vroegsignalering' fan problemen om skulden hinne in wetlike taak. Troch minsken earder yn byld te krijen, kin der foarkommen wurd dat de problemen slimmer wurde.
De minimacoach is neffens de gemeente in ûnderfiningssaakkundige. Sa moat de bêste help jûn wurde kinne. Fierder makket Dantumadiel ek gebrûk fan de inisjativen Nederlandse Schuldhulproute en De Voorzieningenwijzer om ynwenners te helpen.