Twadde Keamer praat oer alternativen foar stroomkabel troch Skiermûntseach

In stroomkabel foar wynparken op de Noardsee bûten Skiermûntseach om wurdt op syn minst 110 miljoen euro djoerder. Manager offshore Marco Kuijpers fan TenneT sei dat tongersdei op in rûnetafelpetear yn de Twadde Keamer.
Ferslachjouwer Onno Falkena leit de alternativen út:
De eastlike fariant wurdt neffens Kuijpers in stik djoerder omdat de seeboaiem dêr folle djipper en dynamysker is as de ûndjippe en drûchfallende Waadsee tusken Skiermûntseach en Grinslân.
Boppedat lizze der mear kabels yn de seeboaiem boppe de Eemshaven. It krusen fan dy kabels is in útdaging. Der is neffens Kuijpers mear ûndersyk nedich om te bepalen oft dat wol mooglik is.

Omlizze

Op inisjatyf fan Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot fan D66 sprutsen tongersdei ferskate belutsen partijen oer de plannen en de mooglike trasees foar de stroomkabel fan it wynpark boppe Skiermûntseach nei de fêste wâl.
Lutz Jacobi fan de Waadferiening sjocht it leafst dat de kabel bûten it hiele Waadgebiet omlein wurdt en yn Den Helder, of, noch better yn IJmuiden oan lân brocht wurdt.
De Waadsee hat op dit stuit neffens har al te krijen mei mear as genôch útdagings en bedrigings yn de foarm fan gaswinning, sâltwinning en it omheech gean fan de seespegel.

Skiermûntseach sparje

Deputearre Nienke Homan fan Grinslân pleite foar it fluch oanlizzen fan de stroomkabel nei de Eemshaven. "Wij hebben die stroom echt nodig om de industrie daar te verduurzamen. Wat ons betreft valt dat besluit vandaag."
Sietske Poepjes wie wat minder hastich út namme fan de provinsje Fryslân. "It kin mar ien kear goed", sei se yn it Frysk yn de Twadde Keamer. Syn fynt dat de Twadde Keamer hiel goed nei alle mooglikheden sjen moat én Skiermûntseach sparje moat.
Ferskate keamerleden - ûnder oare fan de PvdA en D66 - lieten by it rûnetafelpetear trochskimerje dat se wol wat oer hawwe foar in kabel dy't om Skiermûntseach en de meast kwetsbere natuer hinne giet.

'Poatierappelmoasje'

In opfallende bydrage oan it debat kaam fan Grinslanner bouboer Henk Smith út namme fan LTO-Noord. De Grinslanner bouboeren hawwe grutte problemen mei it foarkarstrasee fan TenneT troch of ûnder Skiermûntseach. Dat trasee rint oer in ôfstân fan 35 kilometer dwers troch skoander poatierappellân. Foar de bouboeren betsjut dat skea en risiko's op plantesykten en fersâlting fan harren lân.
De trasees © RTV NOF, Ben de Jager
LTO pleitet dêrom lykas de Waadferiening foar in stroomkabel bûten it Waadgebiet om. As der dochs in kabel nei de Eemshaven moat, dan leaver de eastlike fariant. Dy giet mar oer 6 kilometer troch boerelân, yn plak fan oer 35 kilometer. "Voor een boer begint alles bij zijn grond", sei Smith. "Daar wil je niet twee zware kabels doorheen hebben, met alle bijhorende risico's, want als je verzilting krijgt of planteziektes dan is het wel het einde van de pootaardappelen."
Smith ferwiisde ek nei de 'poatierappelmoasje' dy't de Twadde Keamer ein 2020 oannaam oer it beskermjen fan it poatierappelgebiet flak ûnder de Waadsee.

Alternativen yn kaart bringe

Inisjatyfnimmer Tjeerd de Groot fan it rûnetafelpetear wie nei ôfrin goed te sprekken oer de gearkomste. "Het werd goed duidelijk, dat eigenlijk iedereen vindt dat je breder moet kijken naar dit probleem. We willen allemaal groene stroom, maar niet ten koste van zo'n belangrijk natuurgebied."
It liket him goed ta dat alle mooglike alternativen de kommende tiid goed yn kaart brocht wurde.
Tjeerd de Groot sjocht werom op it rûnetafelpetear oer de stroomkabel troch it Waad