Utspraak MFC Feanwâlden skorst: Dantumadiel hoecht subsydzje foarearst net te beteljen

De gemeente Dantumadiel hoecht de subsydzjes oan Stichting Dorpshuis MynSkip Feanwâlden foarearst dochs net te beteljen. Dat hat de foarsjenningerjochter fan de Rie fan Steat tongersdei bepaald. It giet yn totaal om mear as in miljoen euro.
In earder protest tsjin it beslút yn Feanwâlden © Omrop Fryslân
De rjochtbank hie yn juny noch bepaald dat de earder takende subsydzjes foar it yn Feanwâlden opsetten fan in mienskipsromte ûnterjochte wegere wiene. Neffens de rjochter waard yn de riedsbesluten fan 2017 en 2019 fan 'ferliene' sprutsen, wêrtroch de subsydzje neffens de rjochtbank al ferliend wie.
De foarsjenningerjochter is it dêr net mei iens. Hy fynt dat út dy eardere riedsbesluten net folget dat de gemeenteried al echt subsydzje jûn hie.
Yn jannewaris besleat de gemeente de subsydzje foar it multyfunksjoneel doarpshûs te wegerjen fanwege de minne finansjele situaasje. De gemeente besleat wol út kûlantens in fergoeding ta te kennen fan in lytse 14.000 euro.
Feanwâlden wie lykwols al sûnt 2003 dwaande om in doarpshûs foarinoar te krijen. It stichtingsbestjoer fielde him it slachtoffer fan besunigingen fan de gemeente. De teloarstelling wie grut en der folgen ferskate protesten.
It beslút fan de foarsjenningerjochter betsjut dat de gemeenteried op it stuit noch net oan set is. De boaiemproseduere yn it heger beropskrift dat it kolleezje yntsjinne hat, wurdt op in letter momint behannele. De datum fan dy behanneling is noch net bekend.
De foarsjenningerjochter hat de suggestje jûn dat it kolleezje en de Stichting Dorpshuis MynSkip op 'e nij yn oerlis gean. It kolleezje stiet hjir foar iepen en hat yntusken kontakt opnaam mei de stichting.