'Heftige' nacht yn Boelensloane: "As waard der in fjoerwurkpot ôfstutsen"

"It wie heftich", seit Jurre de Haan, ynwenner fan Boelensloane. Krekt as syn doarpsgenoaten skrok er yn de nacht fan woansdei op tongersdei wekker fan skotten yn it doarp. "As waard der in fjoerwurkpot ôfstutsen."
It ûndersyk giet tongersdei oerdeis troch © Noordernieuws
Krekt dêrfoar waard in 28-jierrige man út Boelensloane deasketten troch aginten. De man waard efterfolge en ried neffens de plysje by it besykjen te ûntkommen op de plysjes yn.
De man hie by Hurdegaryp in stopteken negearre en wie hurd útnaaid. De achterfolgjende plysjeminsken soene neffens boarnen út Ljouwert en Snits komme. Twa aginten soene harren wapen lutsen hawwe. Hoe faak oft dêrnei sketten is, is net dúdlik.
It bart net faak dat der in deadlik slachtoffer falt troch plysjekûgels. It lêste gefal wie yn jannewaris 2019 yn Nijhoarne doe't in betize man himsels tekoart dwaan woe en op plysjeminken ynried. Dy skeaten op de auto dy't yn de brân fleach. De man stoar op it plak.

Wat mei de plysje dwaan?

Neffens it protokol moat de plysje earst de saak besykje del te bêdzjen troch te praten. 'Zo mag er alleen geweld gebruikt worden als er geen andere opties zijn. Helpt praten of is een wapenstok nodig of moet er naar een vuurwapen worden gegrepen?', sa meldt de plysje op de eigen webside.
As in plysjeman it wapen lûkt, dan moat der earst in warskôgingsskot yn de loft lost wurde. As dat net helpt, yn de skonken sjitte. Gerjocht sjitte is yn it uterste gefal tastien as der sprake is fan in 'hy-of-ik-needsituaasje' Neffens de plysje moat 'het gebruik van geweld in verhouding staan tot het incident. De politie mag ook niet meer geweld gebruiken dan nodig'.

Undersyk

De konsekwinsjes fan dit ynsidint foar de plysjes hingje fan it ûndersyk ôf. Is der terjochte sketten, neffens it Iepenbier Ministearje? Yn guon gefallen rint it út op in rjochtsaak mei de belutsen plysjeminsken as fertochten.
In tal skotten achterinoar as waard in fjoerwurkpot ôfstutsen.
Buertbewenner Jurre de Haan
It yndisint yn Boelensloane barde sawat by Jurre de Haan foar de doar. Hy waard wekker fan de sjitterij en tocht earst dat de jeugd mei fjoerwurk oan de gong wie.
De Haan: "It wiene in tal skotten flak achterinoar as waard der in fjoerwurkpot ôfstutsen. Ik seach in auto riden yn de greide foar ús hûs oer. Fuortendaliks wie it allegearre sirenes en in protte plysje. Heftich. Soks meitsje jo net alle dagen mei. Der komt hjir oars gjin kop."
Ferslachjouwer Ben de Jager yn petear mei Jurre de Haan