Needgjalp oer "grutte kapasiteitsproblemen" op spoedeaskjende help

It Regionaal Overleg Acute Zorg (ROAZ) makket him soargen oer de tanimmende drokte by de ôfdielingen foar spoedeaskjende help fan de noardlike sikehuzen. Ofrûne freed wiene der 'grutte kapasiteitsproblemen', doe't meardere ôfdielingen tydlik ticht moasten.
It Spoedplein njonken sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean © Omrop Fryslân
De problemen spylje yn it folsleine noarden, njonken Fryslân dus ek Grinslân en Drinte. De druk is al jierren heech, mar wurdt de lêste tiid mear en mear dúdlik.

Oeren ticht

Somtiden docht bliken dat sikehuzen it nedich fine om in 'time-out' yn te setten: dat betsjut dat de spoedeaskjende help meardere oeren ticht moat. It komt sels foar dat meardere spoedeaskjende help-ôfdielingen tagelyk ticht binne.

Drokte en personielstekoarten

Neffens it ROAZ komt de drokte fanwegen it coronafirus, it grypseizoen dat him oantsjinnet en de oprinnende personielstekoarten. Faak is it sa dat pasjinten dreech trochstreame nei ferpleechôfdielingen, wat benammen te krijen hat mei it tekoart oan meiwurkers.
Sa'n 'time-out' betsjut ek dat ambulânsen minsken net altyd kwyt kinne by it sikehûs dat it tichtst by is. Dêrtroch komme sy ek wer letter oan by folgjende pastjinten.

Wol iepen foar minsken yn libbensgefaar

It ROAZ seit mei klam dat de ôfdielingen wol iepen bliuwe foar minsken dy't echt yn libbensgefaar binne. Ate van der Zee (ROAZ): "Als er een ongeluk gebeurd is, of iemand heeft een hartaanval, dan kan die altijd en overal in het ziekenhuis terecht."

Oerlis no ek foar SEH's

De kommende moannen is der ekstra tafersjoch en sil der alle dagen in kapasiteitsoerlis fan sikehuzen wêze. Dat wie der al foar de ferpleechbêden en foar de intensive care. It komt der no ek foar de ferwachtingen foar de ôfdielings earste help. As dêr bygelyks personielskrapte is troch sykte, kinne dy dei minder pasjinten holpen wurde en moatte dy nei in oar sikehûs ta.
Yn prinsipe binne der ôfspraken makke om de drokte tusken sikehuzen safolle as mooglik te ferdielen.

"Time-out duorret twa oeren"

Wurdfierder Frits Mostert fan it MCL sjocht dat ek yn Fryslân de earste help-ôfdielingen fan guon sikehûzen tydlik gjin nije pasjinten mear opnimme. De time-outs duorje yn trochsneed sawat twa oeren, wit Mostert.
De akute soarch giet wol troch, seit er mei klam. Foar de net-libbensbedriigjende help moatte pasjinten soms langer wachtsje. Mostert: "Dat is net noflik foar de pasjint, mar sa kinne wy wol garandearje dat de pasjint de goede soarch kriget."

By grutte problemen 112 belje, oars de húsdokter

No't de maatskippij wer stadichoan iepengiet, komme der op de earste help wer mear gefallen fan bygelyks sportûngelokjes, seit Mostert. "Dat hat ek ynfloed op de drokte."
Syn advys: "By slimmere dingen lykas hertproblemen 112 belje. Dan komme minsken echt wol yn it sikehûs telâne. By lytsere mankeminten earst mei de húsdokter of de dokterswacht belje."
Harkje nei Ate van der Zee (ROAZ) en Frits Mostert (MCL)
Neffens de lêste sifers (fan tiisdei) lizze der 36 pasjinten mei it coronafirus yn de noardlike sikehuzen. Yn Fryslân giet it om 4 op de intensive cares en 11 op oare ôfdielingen.