Net foar eltse Fries is 'Testen voor Toegang' maklik te berikken

Fan takom wike ôf is der in coronatagongsbewiis nedich om nei hoareka, eveneminten en bygelyks de bioskoop te gean. Wa't net faksinearre is, moat in negative testútslach sjen litte. Der binne acht 'Testen voor Toegang'-lokaasjes yn Fryslân, mar dy binne net foar eltse Fries maklik te berikken.
© Stichting Open Nederland
De 'Testen voor Toegang'-lokaasjes binne yn Ljouwert, Drachten, Harns, Wolvegea, Midsland (Skylge), Nes (It Amelân) en Snits (twa lokaasjes). Dizze lokaasjes binne opset troch Stichting Open Nederland, yn opdracht fan it regear.

Starum en De Skâns moat fier ride

It betsjut dat benammen ynwenners fan it noardeasten en súdwesten fan de provinsje noch in flink ein ride moatte. In ynwenner fan Starum moat bygelyks hast 40 minuten ride (38 kilometer) om him yn Snits teste te litten.
Itselde jildt foar minsken út De Skâns (by Eanjum), dy't sa'n 37 minuten (45 kilometer) nei Drachten ride moatte foar de testlokaasje dy't it tichtste by is. Foar wa't ôfhinklik is fan it iepenbier ferfier, is de reistiid noch langer.

Gjin lokaasjes op Flylân en Skiermûntseach

Foar wa't op Flylân of Skiermûntseach is, sil de reistiid noch slimmer wêze. Op dizze eilannen binne gjin lokaasjes fan 'Testen voor Toegang.' Fan Flylân ôf kostet ien oerstek nei Harns mei de gewoane feartsjinst al mear as oardel oere.
Men zag er geen brood in. Dan blijf je verstoken van een testlocatie.
Boargemaster Michiel Schrier fan Flylân
Boargemaster Michiel Schrier is der dan ek net oer te sprekken. "Dit is voor het eiland ontzettend jammer. De testlocaties worden vanuit Open Nederland verzorgd, het zijn commerciële partijen die het regelen. We hebben het wel geprobeerd aan het begin van de zomer. Maar men zag er geen brood in. Dan blijf je verstoken van een testlocatie."
Boargemaster Michiel Schrier fan Flylân (argyffoto) © Omrop Fryslân
Yn de simmer wie dat noch net sa slim, seit Schrier. "Omdat er niet veel evenementen waren. Maar het wordt nu wel een beetje spijtig." Schrier doart noch net in ynskatting te meitsjen om hoefolle minsken oft it gean kin. Mei om't it net allinne om ynwenners, mar ek om toeristen giet.

24 oeren jildich

Dêr komt nochris by dat in test mar 24 oeren jildich is. "Je zal maar een week geboekt hebben in een hotel en steeds uit eten willen, dan moet je iedere dag op en neer naar Harlingen. Op zich een mooie overtocht, maar daar kom je niet voor op Vlieland."
Schrier tinkt dat it om 'onbedoelde gevolgen' giet, mar jout wol oan it tongersdei yn bestjoerlik oerlis yn te bringen.
Boargemaster Michiel Schrier fan Flylân
Yn de Twadde Keamer binne der ek noch in soad fragen oer de ynset fan de coronatestbewizen. Net allinne oer de útfierberens fan de maatregel, mar ek oer de mooglikheid fan in fierdere twaspjalt yn de mienskip tusken faksinearre en net-faksinearre minsken.
In QR-koade foar tagong © ANP
It tagongsbewiis moat jilde by bygelyks hoareka, teäters, festivals, sportkantinen en bioskopen, foar minsken boppe de 13 jier foar binnen- en bûten en plakken mei en sûnder fêst sitplak.

Dreech hanthavenjen

Foarsitter Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân joech tiisdei oan dat it hanthavenjen op it coronatagongsbewiis wolris dreech wurde kin. Hoewol't it kabinet tasein hat jild frij te meitsjen foar ekstra tafersjoch yn gemeenten, tinkt Buma dat der net in soad minsken beskikber binne. Ek de oardelmetermaatregel koe al net goed hanthavene wurde, sei Buma.
Yntusken hawwe ferskate hoarekagelegenheden oanjûn net te kontrolearjen op coronatagongsbewizen, ûnder oare yn Surhústerfean, De Harkema, Eastersee en op De Jouwer.