Agrarysk Kollektyf Waadrâne pleatst ynfobuorden oer agrarysk natuerbehear

It Agrarysk Kollektyf Waadrâne pleatst de kommende tiid tsientallen ynformaasjebuorden. Dêr is op te lêzen hoe't de de pleatslike boeren omgean mei agrarysk natuerbehear.
De ûntbleating fan it earste boerd © Klasina van der Werf
Waadrâne wol mei de buorden minsken ynformearje oer hoe't buorkje en natuerbehear hân yn hân gean kinne. It kollektyf bestiet út sa'n 150 boeren, dy't mei it behear fan harren grûn ek bydrage oan bioferskaat en greidefûgellân. Dat dogge sy bygelyks troch ikkerrânen mei blommen yn te siedzjen.
It earste boerd is ûntbleate troch boargemaster Johannes Kramer. Op de buorden steane ek QR-koaden, dêr't mear eftergrûnynformaasje mei fûn wurde kin.