Oardelmeterregel ferfalt, tagongsbewiis ferplichte yn 'risicovolle situaties'

It is aanst net mear ferplicht om oardel meter ôfstân te hâlden. Dat is ien fan de ferrommingen dy't it demisjonêre kabinet bekend makke hat. De ferrommingen geane yn op 25 septimber.
Demisjonêr premier Mark Rutte © ANP
De oardel meter bliuwt wol in feilige ôfstân, seit demisjonêr premier Mark Rutte. "Geef elkaar de ruimte", seit er.
Der komme ek ferrommingen op skoallen. Dy hoege aanst net mear hiele klassen nei hûs te stjoeren as ien learling besmet is. Minsken hoege yn skoallen ek gjin mûlkapkes mear te dragen. En yn it heger ûnderwiis meie de groepen by kolleezjes tenei wer grutter wêze as 75 minsken.
Oare ferrommingen binne dat diskoteken en nachtklups wer beheind iepen meie. Eveneminten sûnder fêste sitplakken binne aanst ek wer tastien.

Tagongsbewiis ferplichte yn 'risicovolle situaties'

Yn saneamde 'risicovolle situaties' is in coronatagongsbewiis ferplichte. Dat giet om bygelyks hoareka, teäters, festivals en profesjonele sportwedstriden.
Yn in protte lannen om ús hinne is soks al gebrûklik, seit demisjonêr premier Rutte. "Met zo'n bewijs laat je zien dat je volledig gevaccineerd bent, immuun bent of recent getest bent."
It kabinet makket jild frij foar gemeenten sadat dy tafersjochhâlders oannimme kinne foar de hanthavening fan dy tagongsbewizen.

Coronatest bliuwt fergees

Wa't net faksinearre is of gjin werstelbewiis hat, kin him noch altyd fergees teste litte op it coronafirus, seit Rutte ta. Earder woe it demisjonêre kabinet noch dat minsken betelje moasten foar coronatests, sadree't elkenien de kâns hân hat op in faksinaasje.
Mûlkapkes bliuwe ferplicht yn it iepenbier ferfier. Dêr jildt sa'n tagongsbewiis net. Op de stasjons en perrons ferfalt de mûlkapkeplicht.

Faksinaasjes fêstlizze yn soarchwrâld

Demisjonêr minister De Jonge makke tiisdei ek bekend dat wurkjouwers yn de soarch fêstlizze meie oft wurknimmers faksinearre binne. It giet net om in plicht. Yn oare sektoaren mei it net fêstlein wurde.
Dêrnjonken krije minsken mei in swiere ymmúnfersteuring in tredde coronaprik. Sy krije in útnûging fan har medysk spesjalist.
In saneamde 'boosterprik' foar oare minsken is neffens de Gezondheidsraad noch net nedich.