Bern leare it Frysk al lang net mear allinnich út boekjes

It ûnderwiis is yn beweging en ek de Fryske les sjocht der net mear itselde út as eartiids. By it projekt FF Keunstich Frysk binne learlingen bygelyks dwaande mei filosofearje en dichtsje.
FIDEO: Bern leare it Frysk al lang net mear allinnich út boekjes
Janke Singelsma en Jolanda Verhoef binne twa fan de ûntwikkelers fan FF Keunstich Frysk. Eins is it projekt in kombinaasje fan inisjativen dy't in keunstige foarm kombinearje mei it Frysk.
Ynfoloefeningen lykas yn it ferline binne der net mear by. Learlingen wurde tsjintwurdich op in eigentiidskere en kreativere wize útdage. En dat allegearre yn it Frysk fansels.
Yn in searje fan fjouwer parten beljochtet Omrop Fryslân dizze wike de stân fan saken yn it Fryske taalûnderwiis. Dit is it twadde part. It earste diel is op moandei 13 septimber publisearre. It tredde en fjirde part binne fan woansdei 15 en tongersdei 16 septimber ôf te finen op ús webside en app.
Of it Frysk fan de bern ferbetteret troch dielnimming oan it projekt sil metten wurde oan de hân fan boartlike testen dy't yn it foar en nei ôfrin ôfnommen wurde sille. De earste skoalle is krekt úteinset mei it projekt. Singelsma en Verhoef witte dêrom ek noch net oft FF Keunstich Frysk yndied liedt ta in bettere behearsking fan de Fryske taal.
Omrop Fryslân is ien fan de partners yn it Taalplan Frysk 2030. Sa makket Omrop Fryslân Tsjil (it eardere SkoalTV) de Tjits Floch. Alle dagen is it libben fan Tjits en har húshâlding te folgjen op YouTube en yn de Tsjil-app.