Stoflik omskot 73-jierrige Dútser fûn by Skiermûntseach

Op de noardside fan Skiermûntseach is it stoflik omskot fan in man fûn troch surfers. It giet om in 73-jierrige man fan Dútslân, sa hat bliken dien.
It strân fan Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De resjerzje, forinsyske opspoaring en in GGD-dokter binne op it plak kaam foar ûndersyk.
It stoflik omskot waard moandeitemiddei om 16.45 oere hinne fûn.