UPDATE: Ofslútdyk wer frij, noch wol fertraging

It ferkear oer de Ofslútdyk hat moandei te krijen hân mei in soad fertraging nei in ûngelok mei in frachtwein. De oanhingwein fan de frachtwein wie yn de fangrail bedarre.
© CAMJO media
It ûngelok wie yn de buert fan de Lorentzslûs. Foar beide rjochtingen wie der ôfwikseljend mar ien rydstripe beskikber en dêrom waard de fertraging allinnich mar grutter.
De oanhinger fan de frachtwein blokkearre in rydstripe. Boppedat lei der in oaljespoar fan 100 meter op de dyk. Doe't de oanhinger fuort wie, moast de dyk ek noch skjin makke wurde.
Rykswettersteat tocht dat de problemen oant 19.00 oere oanhâlde soenen, mar earder as ferwachte wie de dyk wer frij.

Noch wol file

Om't der ek wurke wurdt oan de dyk, stiet der yn de rjochting fan Noard-Hollân nei Fryslân ta noch wol hieltyd in file. It ferkear wurdt omlaat by Hoarn oer de N307 en de A6.