'Forse hoeveelheden' stiel stellen by stielbedriuw yn Sumar

By Solidd Steel Structures yn Sumar is de ôfrûne wiken in soad stiel stellen. It bedriuw seit dat it om "forse hoeveelheden" giet. De skea wurdt rûsd op 50.000 oant 100.000 euro.
De stielen platen, blokken en rollen leine op pallets en binne nei alle gedachten op ferskate frachtweinen of oplizzers meinaam. Op it materiaal steane unike koades.
It bedriuw hat gjin idee hoe't it barre koe en siket tsjûgen fan de stellerij. Mooglik wurdt it materiaal oanbean by hannelers yn skroat.