Min seizoen foar bûtenbaden: folle minder besikers as foar corona

De Fryske bûtenbaden ha in min seizoen hân. Nei rûnfraach by alve bûtenbaden blykt dat se dizze simmer goed 22.000 tûzen besikers hân ha. Dat is in tredde part minder as yn 2019, it jier foar corona.
Lege besikersoantallen by swimbaden troch corona en min waar
Strange coronaregels, mar ek it minne waar en lege tempratueren wiene de oarsaken foar it ôffallende seizoen.
Swimbad Mounewetter yn Wytmarsum is ien fan de grutste bûtenbaden yn Fryslân, mar hat ek te krijen mei de grutste delgong. Wylst se yn 2019 noch tusken de 60.000 en 70.000 besikers hiene, wie dat yn 2021 mar 30.000.
Foarsitter Roel Bijlsma bliuwt der posityf ûnder: "It is altyd better as foarich jier. Doe begûnen we mei mar 30 minsken yn in tiidslot, dus mar 180 minsken deis."

Stipe fan de mienskip

It swimbad krige in soad stipe. Fan de gemeente, it Ryk, mar ek fan de mienskip. Fan skoallen en swimmers krigen se in bydrage fan 7.400 euro. Boekjier 2020 einige it swimbad mei 0 euro ûnder de streek, mar foar 2021 driget sels dat net te slagjen.
Grize wolken boppe swimbad Mounewetter © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
It swimbad hat noch wol in reservepot, om't se yn de jierren 90 de camping derneist ferkocht hawwe. Bijlsma: "Dat jild brûke we no foar sinfolle dingen." Hy seit dat ynvestearringen útsteld wurde moatte, mar dat it swimbad foarearst net yn finansjele need sit.

Subsydzje-oanfraach ôfwiisd

Swimbad De Klomp yn Wommels hat it in stik better dien as Mounewetter. Mar se meitsje harren mear soargen oer de finânsjes, om't har ekstra subsydzje-oanfraach ôfwiisd is troch de gemeente.
Ponghâlder Aukje Schellens fertelt dat de bydrage fan it Ryk ek net oerhold: "Vanuit de overheid hebben we heel weinig steun ontvangen. Dat is omdat de regelingen voor de zwembaden er eigenlijk bijna niet zijn. We hebben afgelopen jaar in het eerste coronaseizoen 400 euro steun gekregen."
Swimbad De Klomp yn Wommels © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Dit jier rekkenet Schellens ek net op in soad stipe fan it Ryk: "Omdat ze kijken naar het omzetverlies van het eerste halfjaar. Dan zijn wij niet eens open, dus dan kun je geen verlies hebben."
Bedriuwslieder Aukje Okkema is wiis dat in soad swimmers De Klomp noch witte te finen: "Dat giet faak mei 'mond-tot-mond'-reklame."
It coronafirus en it minne waar meitsje Okkema net gek: "Wy binne altyd wol posityf. We fine wol wat út. Der is altyd wat te dwaan hjir."