Taalplan Frysk 2030 moat Frysk struktureel plak jaan yn it ûnderwiis

"It wurdt in meunsterput", seit lektor Meartaligens Albert Walsweer oer it projekt Taalplan Frysk 2030. Mei dat projekt wol de provinsje Fryslân it Frysk lang om let in goed en struktureel plak jaan yn it ûnderwiis.
© Omrop Fryslân, Arjen Visser
De ambysjes binne grut. "It Taalplan Frysk 2030 is it spoarboekje dat wy as provinsje mei de skoallen brûke om te soargjen dat alle bern yn 2030 goed Frysk ûnderwiis krije", leit ferantwurdlik deputearre Sietske Poepjes (CDA) út.
De provinsje wurket hjirby gear mei acht organisaasjes dy't harren ynsette foar it ûnderwiis of de Fryske taal. Mei-inoar moatte se derfoar soargje dat it Frysk in struktureel plak krijt yn it ûnderwiis.
Yn in searje fan fjouwer parten beljochtet Omrop Fryslân dizze wike de stân fan saken yn it Fryske taalûnderwiis. Dit is it earste part. It twadde, tredde en fjirde part binne fan tiisdei 14, woansdei 15 en tongersdei 16 septimber ôf te finen op ús webside en app.
Yn 2014 krige de provinsje it foech oer it Frysk, mar doe wie net echt dúdlik wat skoallen al oan de Fryske taal dienen. De provinsje liet hjir ûndersiken nei dwaan en de resultaten waarden yn 2018 publisearre yn it rapport 'It is mei sizzen net te dwaan'.
Alle skoallen krigen doe in saneamd taalprofyl takend. As skoallen oan alle kearndoelen foldogge, krije se in A-profyl. Helje se ien fan de doelen net, krije se in B-profyl en sa giet dat troch oant in Profyl F en G foar de Waadeilannen en Weststellingwerf.
Yn 2018 hie noch mar 31,7 persint fan de basisskoallen en 39,4 persint fan de skoallen foar it fuortset ûnderwiis in A-profyl, wylst dit yn 2030 100 persint wêze moat.
Sjoch hjirûnder wat it taalprofyl is fan skoallen by dy yn de buert:
Undersiker en lektor by it Lektoraat Meartaligens, Albert Walsweer sprekt dan ek fan in 'meunsterput'. Neffens him is der wjerstân by guon skoallen.
Boppedat binne der ek praktyske beswieren. Guon leararen prate net iens Frysk en bern mei in oare taaleftergrûn moatte earst it Nederlânsk mar ris behearskje, fine in protte skoalbestjoeren.
Deputearre Poepjes is der lykwols fan oertsjûge dat de ambysje fan de provinsje te heljen falt. "Der binne in protte misferstannen dat bern it Frysk op in bepaald nivo behearskje moatte, mar dêr giet de ambysje net oer. De kearndoelen moatte allinnich helle wurde op it gebiet fan in lesoanbod."

Rom 23 miljoen foar it ferbetterjen fan it Frysk ûnderwiis

Eltse fjouwer jier wurdt it nivo fan it Frysk op skoallen op 'e nij fêststeld. Oan alle skoallen wurdt in saneamde 'skoalstiper' keppele.
Sa'n skoalstiper kin skoallen advisearje op it mêd fan Frysk ûnderwiis. Sa kin in skoalstiper meitinke oer de ynfolling fan de les Frysk en kin se lesmaterialen foarstelle.
De provinsje ynvestearret boppedat miljoenen om it Frysk ûnderwiis te ferbetterjen. Sa lûkt de provinsje de kommende fjouwer jier goed 23 miljoen út foar saken dy't mei it Frysk yn it ûnderwiis te krijen hawwe. Hjirûnder in oersjoch wêr't dat jild bedarret.
Omrop Fryslân is ien fan de partners yn it Taalplan Frysk 2030. Sa makket Omrop Fryslân Tsjil (it eardere SkoalTV) de Tjits Floch. Alle dagen is it libben fan Tjits en har húshâlding te folgjen op YouTube en yn de Tsjil-app.