Fryske Akademy wurket oan nij wurdboek: fan koroana oant tuolleprakkesaasjes

It besteande hânwurdboek Nederlânsk-Frysk datearret al wer fan 1985 en is sa njonkenlytsen aardich datearre. De Fryske Akademy wurket dêrom mei in team oan in nij wurdboek, mei folle mear wurden - lemma's yn wurdboektaal - as yn dy fan 36 jier lyn.
Presintaasje fan Hindrik Sijens op de Akademydei © Omrop Fryslân, Onno Falkena
"De taal feroaret. Nei 36 jier wurdt it heech tiid om te sjen oft der ek wurden bykommen binne. Je kinne dan ek tinke oan aktuele wurden lykas koroana, mar dan wol mei in k en oa", fertelt wurdboekmakker Hindrik Sijens. Hy presintearre it projekt freed op de Akademydei yn Ljouwert. "Oan de oare kant binne der ek ferâldere wurden, dêr't je je fan ôffreegje moatte oft je dy noch opnimme moatte."

Digitaal wurdboek

It nije wurdboek wurdt in digitaal wurdboek, dat ek online beskikber is. Dy wurkwize betsjut ek mear romte foar wurden en beskriuwingen fan wurden. Plannen foar in nij wurdboek op papier binne der yn earste ynstânsje net. Wurdboeken op papier hawwe neffens Sijens ek neidielen. "By in wurdboek op papier sitte je altyd mei de romte. By in digitaal wurdboek makket dat net út. Je kinne safolle wurden en beskriuwingen opnimme as je wolle, salang je tiid fan libjen hawwe."

"Wêr lizze je de grins?"

It wurd 'tuolleprakkesaasjes' sil ek it nije wurdboek wol helje, tinkt Sijens, ek al omdat der in Frysk boek is mei dy titel. "In tuolle is sa'n krukje dêr't de boer op sit by it hânmelken. Dan hat er alle tiid om te prakkesearjen; fandêr it wurd tuolleprakkesaasjes. It is wol de muoite wurdich om sokke moaie Fryske wurden op te nimmen. It is wol geregeld in punt fan diskusje, want wêr lizze je de grins?"
Wurden dy't it nije hânwurdboek net helje, binne dêrmei noch net ta weismiten keard, want se bliuwe fansels wol bestean yn it grut wurdboek fan de Fryske taal en de taaldatabank fan de Akademy.
It Frysk is de taal fan it folk en net fan de Akademy of Omrop Fryslân.
Hindrik Sijens
It is it doel dat it nije digitale wurdboek in permaninte redaksje krijt dy't geregeld wurden en saken taheakje kin. Ek mooglike flaters kinne hiel flot ferbettere wurde. "It is krekt de bedoeling dat minsken reagearje op de ynhâld fan it wurdboek. Dat hâldt ús skerp", seit Sijens.
It wurdboek sil dan neffens him ek mear oanslute by de brûkers, omdat se der dan ek in aktive rol yn hawwe. "It soe moai wêze as we sa mei-inoar it wurdboek ûnderhâlde. It Frysk is de taal fan it folk en net fan de Akademy of Omrop Fryslân."
Harkje nei Hindrik Sijens