150 studinten begjinne dakleas oan skoaljier: "Geen incidenteel probleem"

Der is in grut tekoart oan studintehúsfêsting yn Ljouwert. Noch mear as 150 ynternasjonale studinten sykje in wenplak en begjinne dak- of thúsleas oan it skoaljier.
Bûtenlânske studinten yn Ljouwert kinne gjin wenromte fine:
It wenningtekoart is in bekend probleem, al hielendal as it giet om it húsfestjen fan (ynternasjonale) studinten. Ek yn bygelyks Grins, dêr't tongersdei in universiteitsgebou beset waard - is in enoarm tekoart.
Lanlik binne der sa'n 22.000 studinten dy't gjin geskikt wenplak fine kinne. Yntusken komme der hieltyd mear studinten by, ek út it bûtenlân.
Foaral foar dy ynternasjonale studinten is it lestich: se komme somtiden nei Nederlân sûnder dat se in plak ha om te ferbliuwen. Se komme dan bygelyks terjochte yn in hotel, needopfang of yn guon gefallen sels op strjitte.
De Zimbabwaanske studinte Jane O'Donovan is hurd op syk nei in wenplak © LEO Middelsé, Wytse Vellinga
Soks kin de folsleine stúdzje yn de hobbel smite, fertelt de Simbabwaanske studinte Jane O'Donovan. "Myn heit en mem woene eins dat ik yn Simbabwe bleau oant ik in permanint plak hie."
Se keas der úteinlik dochs foar om nar nei Ljouwert te kommen. Nei in skoftke útfanhúzje by freonen is se no by in húshâlding yn Dokkum. Mar dat is mar foar twa wiken.

Stress

De situaasje is swier, fertelt O'Donovan. "It soarget foar in soad stress. Nei in oar lân ta gean sûnder dat je witte wêr't je ferbliuwe kinne, dat is nea maklik."
Mei troch de oprjochting fan in servicepunt, ha de studinten foarearst in dak boppe de holle. Se sliepe bygelyks by leararen of oare studinten.
In oprop oan studinten en personiel soarge foar fyftich tips oer ferbliuwsplakken © LEO Middelsé, Wytse Vellinga
Mar dat is eins noch gjin oplossing, sa fertelt Jeane Vermaas fan NHL Stenden. "We hebben iedereen gelukkig een tijdelijk plekje kunnen bieden, maar nog niet structureel."
It servicepunt helpt ek by it sykjen fan in fêst plakje foar de studinten. Mar sels as dat slagget is it probleem eins noch net oplost.

Tekoart wurdt noch grutter

It wenningtekoart sil de kommende jierren fierder oprinne. Yn 2024-25 sille der lanlik sa'n 50.000 studinten wêze dy't gjin geskikt wenplak fine kinne, sa wurdt ferwachte.
Ljouwert sil der ek lêst fan krije, tinkt Vermaas. "We denken dat dit probleem niet incidenteel is." Dêrom wurdt mei ûnder oaren de gemeente sjoen oft der mear wenningen byboud wurde kinne.
O'Donovan hopet yntusken dat se gau earne terjochte kin. "Ik wol in permanint plak dêr't ik my settelje kin. Ik ha no altyd twa koffers by my en ha myn klean noch net iens útpakt."