Unesco ropt ek op: gjin nije boarringen yn of by Waadsee

De Nederlânske Unesco-kommisje fynt it ûntwerp-beslút foar gaswinning ûnder de Waadsee by Ternaard ûnferantwurde. Dat lit de organisaasje freed witte. De kommisje slút him dan ek oan by de ynternasjonale oprop oan demisjonêr minister Stef Blok om de gaswinning ûnder it Waad tsjin te hâlden.
De Waadsee fan Skiermûntseach ôf nei it easten ta © Remco de Vries
Hoewol't it ministearje seit dat mooglike skea oan de natuer minimaal wêze sil, ropt de Unesco-kommisje just op om te sjen nei hoe't de situaasje fan it Waad ferbettere wurde kin, yn stee fan te wizen op minimale skea.