Omrop TIP: Podcast oer selsdeading "Dit hiene we noait, noait tocht"

Alle dagen stjerre yn trochsneed fiif minsken troch selsdeading. Dêrneist besykje 135 minsken deis om harsels tekoart te dwaan. Hoe wurket it yn de holle fan ien dy't oan de dea tinkt, kinne je it foarkomme en mei watfoar fragen bliuwe neibesteanden achter?
© Omrop Fryslân
Yn trije ôfleveringen fan de podcast Fan binnenút komme de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater oan it wurd.
Dizze 10 septimber is 'World Suicide Prevention Day'. Oer de hiele wrâld wurdt op stilstien by alle minsken dy't stoarn binne troch selsmoard, minsken dy't deroan tinke en famylje, freonen en oaren dy't rekke binne troch selsmoard. De dei is bedoeld om it taboe op selsmoard te trochbrekken en deroer te praten.
Sytske Jorritsma © Omrop Fryslân, Miranda Werkman

"Dit hiene we noait, noait tocht"

Yn de earste podcast fertelt Sytske Jorritsma oer har suske. Njoggen jier lyn, nei tolve oere waard se belle. Har man naam op. Se wist fuort dat it net goed wie; har suske hie harsels tekoart dien.
Doe begûn de syktocht nei it wêrom, foar elkenien kaam it út de loft fallen. Hoe fine je antwurden, binne dy der eins wol?
It giet no goed mei Sytske Jorritsma. It stikje fertriet en gemis om de safolle tiid, bliuwt, seit se. Se wurket as bestjoerslid by de NNZF, in stichting foar neibesteanden nei selsdeading.
Jan Kuipers © Omrop Fryslân, Miranda Werkman

"Ik fielde my sa 'waardeloos'"

Yn de twadde podcast komt Jan Kuipers oan it wurd. Hy fertelt gewoan hoe't it wie. Hoe't gedachten him pleagen, gedachten dat er 'waardeloos' wie, doe't er sûnder wurk thús op de bank bedarre. It gie almar minder mei him. Hy ried wolris nei it spoar, hat in pear kear nei in flat west en stie by it wetter. Hy waard opnommen en die in poging.
Yn de podcast fertelt er hoe't dy iene fraach syn hele perspektyf feroare. Hy is bliid dat er hjir noch is, want it libben hat wol doel. Ek al is it net altyd like maklik. De gedachte dat er fan wearde is yn syn wurk as erfaringsdeskundige helpt.
Psychiater Agnes de Groot © Omrop Fryslân, Omrop Fryslân

"Minsken skamje har faak foar har suïsidale gedachten"

Yn de tredde en lêste podcast leit psychiater Agnes de Groot út dat praten helpt. Freegje oft ien tinkt oan de dea. Foar har wurk sjocht se in soad pasjinten dy't suïsidaal binne. Dat wurk nimt se net mei nei hûs, útsein as ien fan har pasjinten dochs de stap set en himsels tekoart docht. Se woe dat sok gedrach mear te foarsizzen wie. Der is noch folle mear ûndersyk foar nedich.
Ek wurket se in soad mei de neisten. As neiste is it ek belangryk om goed foar jesels te soargjen.
De podcasts hearre by de telefyzjesearje 'Fan binnenút' fan programmamakker Miranda Werkman.
Help nedich? Belje 0900 - 0113 of chat online op www.113.nl (24 oeren / 7 dagen yn de wike)