Waar kin net better foar alvestêdesuppers, mar soarget ek foar slachtoffers

It waarme waar soarget foar hast ideale omstannichheden foar de dielnimmers fan de SUP-Alvestêdetocht. De tocht duorret fiif dagen, de suppers binne yntusken yn Warkum. De hege temperatueren binne net allinnnich mar moai, it smyt ek slachtoffers op.
© Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
Op de earste twa dagen rekken fjouwer dielnimmers it sikehûs yn. It giet yntusken wol wer goed mei se. It totale tal ôffallers stiet op fiif.
En oft de klassemintslieder de finish hellet, is ek noch net samar wis. De masseur hat der gjin fertrouwen yn. "Ik wit net oft er it wol rêdt. Ik leau earlik sein net dat er de finish hellet, sokke hurde rêchspieren hie er."
Anne-Marie Totah-Reichman fan de organisaasje oer ien fan de ynsidinten ûnderweis
Dochs: moaier waar koe de organisaasje him hast net winskje, seit oprjochter Anne-Marie Totah-Reichman. "It giet hartstikke moai, it waar sit hiel bot mei. It is hast in bytsje té waarm, want fan it peddeljen wurde je waarm. Je moatte flink drinke. Mar der is neat moaier as hoe't it giet no. Eltsenien is bliid."

Fiif etappes

Der binne twa ferzjes fan de SUP-Alvestêdetocht. Earder yn septimber wie de edysje wêrby't de suppers konstant trochgeane. De tocht dy't no oan de gong is, bestiet út fiif etappes. Woansdei gong de earste etappe fan Ljouwert nei Sleat, tongersdei fan Sleat nei Warkum.
"De ien giet flugger as de oar, mar oan de ein fan de dei komt elkenien byinoar", fertelt Totah-Reichman. "Dan is der ek in massaazje en dan kinne wy de dei beprate."

Alvestêdespirit

It suppen is moai wurk, mar ek swier. "De folgjende dei begjinne je wer stiif, it docht wat sear, guon binne wurch. Mar it giet om de alvestêdespirit: je geane gewoan troch. Somtiden efkes op karakter, mar je geane troch."
Freed moat it suppeloton fan Warkum nei Frjentsjer. De dei dernei giet de tocht nei Dokkum en snein is de finish yn Ljouwert.
Ferslachjouwer Lars de Leeuw peilde de sfear yn Warkum