Fokkens: "Ja, minder forenzen na corona. Maar Lelylijn blijft nodig"

It Planbureau voor de Leefomgeving konstatearret yn in rapport dat wy troch de coronakrisis mear thúswurkje en fleksibeler wurden binne. Minder op-en-del-reizgers dus. Dochs bliuwt it oanlizzen fan de Lelyline-spoarferbining nedich, stelt deputearre Avine Fokkens-Kelder.
Deputearre Avine Fokkens-Kelder © Omrop Fryslân
Troch de twongen lockdowns is Nederlân fleksibeler wurden. Dat sinjalearret it Planbureau voor de Leefomgeving yn it ûndersyk Thuiswerken en de gevolgen voor wonen, werken en mobiliteit. Foar it ûndersyk binne data en petearen mei thúswurkers analysearre.

Nij spoar wol nedich?

"De toegenomen flexibiliteit zorgt ervoor dat de piekbelasting van het wegennet en het openbaar vervoer afneemt, waardoor beleidsmakers zich moeten afvragen of geplande uitbreidingen van snelwegen of treinverbindingen wel nodig blijven", seit haadûndersiker Edwin Buitelaar.
Minder wen-wurkferkear dus, ek as it om treinforinzen giet. Is in Lelyline oer Grins-Drachten-It Hearrenfean nei Amsterdam dan wol nedich? Neffens deputearre Fokkens wol.

'Grinzen berikt'

Fokkens: "Ik denk niet dat het een belemmering is. Sterker nog: als ik het rapport gauw lees is dat ProRail zelf aangeeft dat de grenzen van het huidige spoorsysteem bereikt zijn. Als we een duurzaam alternatief willen voor de auto, moeten we inzetten op spoor. De Lelylijn is ook juist een ontbrekende schakel, om het Noorden met de Randstad te verbinden."
Deputearre Avine Fokkens-Kelder
De deputearre sjocht ek dat de coronakrisis sjen litten hat dat thúswurkje yn in soad gefallen kin. "Maar als je in de toekomst nog maar een paar dagen op kantoor hoeft te zijn, dan wordt het ook aantrekkelijker om wat verder van het werk te wonen. Als je met een trein in een kort tijdsbestek van A naar B kunt, dan kan het wel degelijk een goed perspectief zijn."