De tank dy't gjin tank wie: strâne legerwein op A7 is 'militêre taksy'

Earder dizze wike kaam in legertank mei maleur stil te stean oan de A7 by Drachten. Der kamen in soad reaksjes op it nijs. It soe hielendal gjin tank wêze. Wy fregen Kapitein Patrick van Aalderen om opheldering.
© Plysje East-Fryslân
It is yndie gjin tank, mar in soart pânserwein om militêren nei it front te bringen en se wer op te heljen, leit kapitein Patrick van Aalderen fan de 43ste meganisearre brigade út Havelte út. In soad 'taksy foar militêren mei folle bepakking', sa jout er ta.
Der sit in kanon op, dus dizze legerweinen kinne sjitte as it moat. It ferskil mei in tank is dat dy folle grutter is, seit Van Aalderen.

Oefening yn Grinslân

De strâne pânserwein wie ûnderweis fan de lânmachtbasis Oirschot oer Darp by Havelte nei Zoutkamp yn Grinslân. It leger is dwaande mei in oefening yn it gebiet Marnewaard/Winsum. De legerweinen ride op de iepenbiere dyk, omdat dat ek oefene wurde moat.
Patrick van Aalderen
Op in stuit krige de pânserwein op de A7 maleur mei de motor. De eigen technyske tsjinst fan it leger hat him ôffierd en wer makke. De wein docht no wer mei oan de oefening.

Maks 70 km yn de oere

Neffens de kapitein binne op sosjale media in soad reakjes kaam op de strâne 'tank'. De measte minsken woene witte oft it wol in tank is en oft safolle legerweinen yn kolonne wol de A7 ride meie. In pânserwein kin maksimaal 70 kilometer yn de oere ride, seit Van Aalderen.
Sok ferfier moat altyd offisjeel, beslút Van Aalderen. De legerweinen meie net op iepenbiere wei ride sûnder tastimming fan Rykswettersteat en de gemeenten.