Abel Reitsma folget Friso Douwstra op as wethâlder en kandidaat-listlûker

Abel Reitsma wurdt de opfolger fan Friso Douwstra as wethâlder yn de gemeente Ljouwert. Reitsma (34) wurdt ek foardroegen as kandidaat-listlûker foar it CDA by de gemeenteriedsferkiezingen fan maart.
Reitsma hie nea tocht dat er no al wethâlder wurde soe:
Douwstra is wethâlder en soe ek as listlûker de kommende ferkiezingen yn, mar hy makket de oerstap nei de provinsje as opfolger fan deputearre Sander de Rouwe.
Abel Reitsma is op it stuit riedslid foar it CDA yn de gemeente Ljouwert. Dat is er sûnt 2018. Dêrfoar wie er fraksjemeiwurker. De ôfrûne jierren hat er him yn de ried dwaande holden mei ûnder oare it festivalbelied, de ynrjochting fan jeugdsoarch yn Ljouwert en wie er wurdfierder yn it dossier Zalen Schaaf.

Fereare en tankber

Reitsma fynt it in grutte útdaging. "Ik ha altyd de ambysje hân om dizze funksje te dwaan. Ik fiel my hartstikke fereare en tankber foar it fertrouwen fan de fraksje en it bestjoer."
Abel Reitsma © CDA Ljouwert
Hy nimt de portefúljes fan Douwstra oer. Dat binne ûnder oare ekonomyske saken, ûnderwiis, sosjale saken en ferkear en ferfier.
De leden fan it CDA Ljouwert beslute ynkoarten oer de listlûker by de gemeenteriedsferkiezingen fan maart.