Fallisemint Thialf 'mooglik mar swart' senario

As it iisstadion Thialf noch mear ôffallers krijt, is it goed mooglik dat de oandielhâlders it fallisemint foar de topsportiisbaan oanfreegje moatte. Dat stiet yn in brief fan it provinsjaal bestjoer oan Provinsjale Steaten.
Neffens it provinsjebestjoer sit Thialf finansjeel yn in tige spannende faze. De iisbaan hopet op finansjele stipe fan it Ryk foar grut ûnderhâld en hopet fierder ek op in oplossing foar de problemen mei de sinnepanielen op it dak.
De sinnepanielen steane al mear as in jier út, omdat Thialf oars gjin fersekering krije kin. De kombinaasje fan de sinnepanielen en de isolaasje op it dak is net brânfeilich genôch. In nij dak is eins net te beteljen. Dêrom sjocht Thialf no nei oare oplossingen.
As dizze saken net oplost wurde kinne, wurdt it in toer om Thialf oerein te hâlden as topsportiisbaan, skriuwt it provinsjebestjoer.

Doemsenario

In fallisemint wurdt op it provinsjehûs wol in 'doemscenario' neamd, dêr't de bestjoerders it leaver net oer hawwe.
Mar as it Ryk net bydrage wol en der ek gjin oplossing komt foar de sinnepanielen en ek Provinsjale Steaten of de gemeenteried fan Hearrenfean wegeret om langer by te dragen, dan kin it der wol deeglik fan komme.
Keamerleden by in besite oan Thialf © ANP
Thialf kin gjin nije ôffallers ferneare. Komme dy der dochs, dan sille de oandielhâlders it fallisemint oanfreegje moatte. Dat soe in fiasko wêze foar de Provinsje Fryslân, nei 15 jier aktive ynset foar it nije Thialf.
"Je kinne derfan útgean dat de provinsje alles op alles sette sil om dat te foarkommen", seit polityk ferslachjouwer Onno Falkena.

Oare senario's

Yn it brief oan de Steaten sketse Deputearre Steaten ek geunstiger senario's. Yn it gefal dat de sinnepanielen wer oan kinne - nei in oanpassing fan it dak foar 4 ton - en ek it Ryk bydraacht oan de kosten foar grut ûnderhâld, sjocht de takomst fan Thialf der wer in stik better út.
Je soene dan sels sjen kinne nei it ferbreedzjen fan de topsportfunksje fan Thialf mei sporten as shorttrack en keunstriden.
De provinsje wol dêr lykwols allinnich mei oan de slach as earst de finansjele basis fan it iisstadion sûner en wisser wurdt.

Rapport Eringa

Yn april presintearre Pier Eringa in rapport mei mooglike oplossingen. Doe waard bekend dat reedrydbûn KNSB en sportkoepel NOC*NSF wol bydrage wolle oan Thialf. It eksploitaasjetekoart waard dêrtroch lytser.
Pier Eringa presintearret it rapport oer Thialf © ANP
De provinsje begûn oanslutend entûsjast mei in lobby rjochting de Twadde Keamer foar in Ryksbydrage oan Thialf. Guon partijen yn de Keamer fine dat fersyk net ûnreedlik, mar in healjier letter is der noch gjin inkelde tasizzing oer. Thialf hat mear dúdlikens nedich, want op it stuit is der gjin finansjele romte foar ûnderhâld.

Toer om Thialf oerein te hâlden

Thialf hat dus mear posityf nijs nedich. Dat kin in bydrage fan it nije kabinet wêze, as dat der komt, of it oansetten fan de sinnepanielen nei it oanpassen fan it dak. Mar as dizze saken net realisearre wurde, dan wurdt it in toer om Thialf oerein te hâlden as topsportiisbaan en soe - op termyn - sels in fallisemint nedich wurde kinne.
Ferline jier april koene de provinsje en de gemeente Hearrenfean tegearre sa'n fallisemint noch foarkomme mei in needkredyt fan 3 miljoen euro.
De kâns dat de Steaten en gemeenteried ree binne om nochris sa djip ta de bûse te taasten foar Thialf liket lyts, want provinsje en gemeente ha beide in grins steld oan de maksimale bydrage; dat maksimum is 542.000 euro foar de provinsje en 270.000 euro foar de gemeente.