Omrop TIP: Fan binnenút: fierder achter de doarren fan de GGZ

Wannear rinne je fêst yn je rouproses? Hoe grut is de wanhoop as je tinke oan selsdeading en wêrom bedarje safolle minsken mei in ferstanlike beheining yn de forinsyske psychiatry? Programmamakker Miranda Werkman sjocht yn dizze tredde searje fan 'Fan binnenút' fierder achter de doarren fan de GGZ.
© Omrop Fryslân
Yn de klinyk of thús fertelle kliïnten har persoanlike ferhaal.

Ofskied fan it libben

Yn de earste ôflevering fertelt Isabelle wêrom't se in ein oan har libben meitsje woe. Se rekke lichaamlik slim siik, begûn nei te tinken oer har libben en fielde har ferskriklik iensum. Se hie al betocht hoe't se ôfskied nimme soe fan har bern, om't se echt tocht dat dy better ôf wêze soene sûnder har. Se hat op 'e tiid oan de bel lutsen en kin it no neifertelle, oan har eigen keukentafel.
Psychiater Agnes de Groot kin net faak genôch sizze hoe belangryk it is om te praten. Doare te freegjen oan ien dêr't je fan sjogge dat it net goed giet en oft dy persoan tinkt oan de dea.
Isabelle fertelt har ferhaal oan Miranda Werkman © Omrop Fryslân

'Licht verstandelijke beperking'

Yn in oare ôflevering fertelt frou De Vries (net har echte namme) har ferhaal. Se hat LVB (licht verstandelijke beperking) en dat bestjut dat se op in folle leger nivo funksjonearret as har echte leeftiid. Nei in poging ta moard kaam se yn de forinsyske klinyk. Dêr leart se ûnder oare oars om te gean mei har emoasjes.
Binnen de GGZ hâldt in spesjaal team him dwaande mei LVB-ers op de forinsyske psychiatry. Mear as de helte fan de pasjinten yn de forinsyske psychiatry hat LVB. Se ha in gruttere kâns op in psychiatryke sykte, binne ferslavingsgefoeliger en komme gauwer yn oanrekking mei plysje en justysje om't se minder goed neitinke oer oarsaak en gefolch.
Je begripe dan better wêrom't minsken delikten pleegje, sûnder it goed te karren fansels, mar der sit in hiel ferhaal achter.
Miranda Werkman

Eyeopeners

Foar programmamakker Miranda Werkman wie dat ien fan de eyeopeners. "Je begripe dan better wêrom't minsken delikten pleegje, sûnder it goed te karren fansels, mar der sit in hiel ferhaal achter. Ik ha de hele middei by frou De Vries op de bank sitten. It wie ek wol gesellich, mar o, wat hat dizze frou in soad meimakke. It is te ferskriklik om allegear sjen te litten, mar in glimp fan har libben jout al in bytsje ynsjoch."
Gryt Nicolay © Omrop Fryslân

Komplekse rou

Se makke ek in programma oer komplekse rou. Gryt Nicolay ferlear yn in pear dagen tiid har man en folslein ûnferwachts har soan. Se socht help. Meardere minsken ferlieze, je neiste dy't troch in misdriuw of aaklik ûngelok om it libben komt, it soarget derfoar dat rou oergiet yn komplekse rou.
Bysûnder heechlearaar psychology Jos de Keijser fertelt hoe't se minsken op de roupoly helpe.
It rekket my om te sjen hoe't minsken der yn slagje oerein te kommen, fierder te kinnen.
Miranda Werkman
"Dy ôflevering makke ek grutte yndruk. Om te hearren hoe't Gryt Nicolay har man en flak foar syn útfeart har soan ferlear. Se socht help by de roupoly. Ek in dreech tema. It rekket my om te sjen hoe't minsken der yn slagje oerein te kommen, fierder te kinnen. Dat de measte minsken ûnder de meast ferskriklike omstannichheden har wei wer fine kinne. En ik bin my ek hiel bewust dat it net elkenien slagget."
Fan binnenút is te sjen op moandeis om 17.15 oere by Omrop Fryslân telefyzje (en de hiele jûn elk healoere yn de werhelling). De earste útstjoering is op 6 septimber.
By de rige heart ek in podcast © Omrop Fryslân

Podcast

By de telefyzjesearje heart ek in podcastrige fan trije ôfleveringen. Dêryn praat Miranda Werkman fierder oer it tema selsdeading: mei psychiater Agnes de Groot, neibesteande Sytske Jorritsma en erfaringsdeskundige Jan Kuipers.
Help nedich? Belje 0900 - 0113 of chat online op www.113.nl (24 oeren / 7 dagen yn de wike)