SC Hearrenfean lûkt transferfrije sintrale ferdigener oan

Sportklup Hearrenfean hat in nije sintrale ferdigener fêstlein. It giet om de 29-jierrige Nick Bakker. Hy siet sûnder kontrakt en dus kin Hearrenfean him fêstlizze nei it sluten fan de transfermerk.
Nick Bakker © sc Heerenveen
Hearrenfean hie ferlet fan fersterking yn de ferdigening, hielendal omdat de Friezen oanfierder Pawel Bochniewicz lang misse moatte. De Poal rekke yn de tarieding op it nije seizoen blessearre. Nei alle gedachten leit er der oant de ein fan dit seizoen út.
Met Nick halen we een ervaren verdediger met karakter in huis.
Technysk manager Ferry de Haan
Technysk manager Ferry de Haan fan Hearrenfean seit ek dat de blessuere fan Bochniewicz de situaasje feroare hat by Hearrenfean. "Centraal achterin lag aan het einde van de transferperiode niet onze prioriteit, maar we hebben altijd onze ogen en oren opengehouden voor versterking centraal achterin. Mede vanwege de langdurige afwezigheid van Pawel Bochniewicz."
Bakker kin Hearrenfean helpe, tinkt De Haan. "Met Nick halen we een ervaren verdediger met karakter in huis die zich in de eredivisie heeft bewezen."

Grins en Emmen

Bakker spile de ôfrûne seis jier foar FC Emmen. Dêrfoar wie er aktyf bu FC Groningen, de klup út syn berteplak. By Grins trochrûn Bakker ek de jeugdoplieding.
Yn 2016 gong Bakker nei Emmen. Dêr spile er 132 kompetysjewedstriden, wêrfan 69 yn de earedivyzje. "Ik heb vaak tegen Heerenveen gespeeld", seit Bakker op de klupkanalen fan Hearrenfean. "En ik heb altijd het idee gehad dat dit een mooie, warme club is."