Keamerlid Van der Molen (CDA) langer út de rûlaasje

It Ljouwerter Twadde Keamerlid Harry van der Molen giet noch net oan it wurk. It wie de bedoeling dat de CDA'er dizze moandei wer oan 'e slach soe, mar sykte stiet soks yn de wei, lit er op Twitter witte.
Harry van der Molen © ANP
Van der Molen sit sûnt maart oerspand thús. Ein april tocht er dat er fjouwer moannen nedich hie omder wer boppe-op te kommen, mar hy jout no oan dat er langer nedich hat.
Hy ferwachtet dat er ein dit jier syn wurk yn de Twadde Keamer wer oppakke kin. Syn taken wurde oernommen troch Joba van den Berg. "Tank foar alle stipe dy't ik oant no ta krigen hat", seit er. "Dat docht my goed."