Sulver foar Snitser tennisser Tom Egberink op Paralympyske Spelen

Tom Egberink út Snits is der net yn slagge om in gouden medalje te pakken op de Paralympyske Spelen. Yn de finale fan it rolstoeltennis ferlear hy fan de Japanner Shingo Kunieda.
© Orange Pictures
De Japanner wie de nûmer ien fan de pleatsingslist en dat liet er yn de wedstriid ek sjen. Egberink kaam der hast net oan te pas. De setstannen wienen 6-1 en 6-2. Egberink moast dus tefreden wêze mei it sulver.
De tennisser hie ek al in brûnzen medalje pakt by it dûbeldspul. Dat die hy tegearre mei Maikel Scheffers.