GGD docht ek oanjefte tsjin antyfaksdemonstranten

De GGD Fryslân hat oanjefte dien tsjin in groep antyfaksdemonstranten. Dy yntimidearren begjin dizze wike ûnder oare meiwurkers fan de GGD, dy't foarljochting jaan woenen op de Friese Poort yn Drachten.
De GGD oer wêrom't se oanjefte dogge:
"As ús meiwurkers harren wurk net dwaan kine, of se wurde 'onheus bejegend', dan dogge wy altyd oanjefte", seit direkteur Margreet de Graaf fan GGD Fryslân. "Elk mei syn miening ha, mar fal minsken dy't harren wurk dogge der net mei lestich. En seker net op yntimidearjende of bedriigjende wiize."
Yn de skoalle joech de GGD moandei foarljochting oan studinten dy't noch gjin coronafaksinaasje helle hienen. Dat rôp wjerstân op by in lytse groep antyfaksdemonstranten. Dy kamen ek nei de skoalle en stelden har yntimidearjend op tsjin meiwurkers fan de GGD en fan de skoalle.
Earder die ROC Friese Poort al oanjefte tsjin de antyfaksdemonstranten.