Undersyk nei deadsoarsaak brúnfisken op Waadeilannen duorret noch wiken
It duorret noch wiken foar't dúdlik wurdt wêr't de brúnfisken, dy't massaal op de Waadeilannen oanspiele, oan deagiene. Biolooch en ûndersykster Lonneke IJsseldijk fan Universiteit Utrecht ferwachtet dat ein dizze moanne seksje dien wurdt op 22 karkassen.

Nei de seksje wurde testen dien, yn gearwurking mei studinten fan de Wageningen Universiteit.
De brúnfisken spiele noch hieltiten oan op de Waadeilannen. De bisten binne al yn steat fan ûntbining, wat it hiel dreech en miskien sels ûnmooglik makket om in oarsaak of oarsaken foar de massale stjerte te finen.
Tongersdei waard bekend dat de oerheid útsykje sil hokker minsklike aktiviteiten de lêste wiken plak fûnen yn de Noardsee boppe de Waadeilannen. Brúnfisken kinne bygelyks stjerre troch hurde lûden. Mikrobiologysk ûndersyk moat boppedat útwize oft de bisten in firus of baktearje oprûn hawwe, of dat se bygelyks skealike algen binnen krigen.