Waarme mielen fan 'buorfroulju' foarsjogge yn in tanimmend ferlet

Reade eartesop en preitaart; dat stie tongersdei op it menu fan de Buurvrouw & Buurvrouw-bus yn Ljouwert. Alle tongersdeitejûnen bringe twa 'buorfroulju' it waarme iten nei de dak- en thúsleazen fan Ljouwert. Dy stelle dat bot op priis.
De B&B-bus mei de buorfroulju fan tsjinst Monique en Christina by de Aldehou © Omrop Fryslân
Tongersdei rekke it waarme iten sels nei ferrin fan tiid op en waard in nije foarried helle by de Buurvrouw & Buurvrouw-winkel. Op de fêste halteplakken by de Prinsetún en it Beursplein wurdt de bus al opwachte troch fêste klanten, dy't dizze tsjinstferliening tige wurdearje. Mei in magnetron yn de bus wurdt it iten op lokaasje waarm makke.
"Ik ben ontzettend blij met Buurvrouw & Buurvrouw. Dat wordt weer smikkelen vanavond. Het zijn ook nog hele aardige dames", seit Sellym. "Mensen met de kleine beurs kunnen ook kleding krijgen, dat is helemaal super. Ik kan wel nieuwe schoenen en een beetje een fatsoenlijke broek gebruiken. Als je moet rondkomen van een beetje weekgeld, heb je daar echt geen geld voor."

Gjin jild

De byhearrende winkel oan de Marshallwei is alle wiken iepen op tiisdeitemoarn, tongersdeitemoarn en sneontemiddei. Al it iten en oar guod dat fuortjûn wurdt, is mooglik makke troch de mienskip, fertelt buorfrou Monique van der Hoek.
"Wij hebben zelf geen geld. Wij werken met de producten en spullen die wij krijgen, van particulieren en van bedrijven en nu ook versproducten van de voedselbank. En wat bijzonder is: we hebben nooit tekort."
De kleanwinkel fan Buurvrouw & Buurvrouw © Omrop Fryslân
Op in oantal plakken yn Ljouwert steane bakken dêr't it guod foar Buurvrouw & Buurvrouw ynlevere wurde kin. De produksje oan waarme mielen nimt ta, fertelt Van der Hoek. "Naast het eten op donderdag voor daklozen brengen we ook nog drie dagen in de week warm eten naar mensen die daar, om wat voor reden ook, zelf niet voor kunnen zorgen. We tikken nu de honderd maaltijden in de week aan."

Elkenien helpe

De namme Buurvrouw & Buurvrouw is net samar keazen. "Wij doen geen vrijwilligerswerk. Wij zijn er gewoon voor iemand anders, als buurvrouw of buurman. Het mooie van die naam is dat je dan ook wel eens om hulp kunt vragen."
It inisjatyf helpt yn prinsipe elkenien. "Bij ons hoef je niet aan te tonen dat je zelf geen geld hebt. Je kunt in principe gratis kleding komen halen. Mensen bepalen zelf wel wat ze nodig hebben. Als mensen hun verhaal kwijt willen, dan mag dat, maar wij hoeven niet per se te weten waarom mensen in die situatie zitten."
Dakleaze Ulbe by de bus fan Buurvrouw & Buurvrouw © Omrop Fryslân
Monique van der Hoek seit dat se bliid wurdt fan it Buurvrouw-wurk. "Dit geeft mij voldoening. Je hebt mooie gesprekken met mensen en echt contact."
Op dizze tongersdeitejûn docht de bus trije halteplakken oan: de Prinsetún, it Beursplein en as lêste de Potmarge, dêr't in dakleaze al in skoftke yn in lytse tinte húsmannet. Hy fleuret hielendal op troch de besite fan de buorfroulju.

Bettere wenomjouwing

Nei it iten fan in boerd bamy wol er graach mei de froulju prate oer syn ideeën foar in bettere wenomjouwing. Hy hopet dat der yn Ljouwert nei ferrin fan tiid romte komt foar 'skeve húskes' of 'onconventioneel wonen', sa't dat ek wol neamd wurdt.
Op 'en paad mei de froulju fan Buurvrouw & Buurvrouw
Hy hat dêrby wol in winsk. It liket him ferstannich ta om de takomstige bewenners meiprate te litten oer wa't by wa komt te wenjen yn sa'n groepke skeve húskes.
Ek by de bewenner fan dizze tinte waard in waarm miel brocht © Omrop Fryslân