Ministearje helpt by ûndersyk nei massastrâning brúnfisken

De oerheid helpt by it ûndersyk nei de oarsaak fan de massale stjerte ûnder brúnfisken. Dat seit ûndersykster Lonneke IJsseldijk fan de Universiteit Utrecht. Sûnt ferline wike binne al mear as hûndert deade brúnfisken oanspield op de Waadeilannen. Undersikers neame it hege oantal útsûnderlik.
© Stichting SOS Dolfijn
In part fan de kadavers leit yn de friezers fan de Universiteit Utrecht, dêr't ûndersyk dien wurdt nei de oarsaak fan de massale stjerte. Undersykster Lonneke IJsseldijk leit út dat de fisken gewoanwei alle dagen oanspiele op de Nederlânske strannen, mar dat it oantal dizze kear abnormaal heech is. "In één week tijd is het wel erg afwijkend." Der is dan ek sprake fan in "massastranding", seit de ûndersykster.
Brúnfisken libje yn lytse groepen. "Het zijn soms vijf dieren bij elkaar, moeder en kalf, maar niet grote groepen." As de bisten yn it selde gebiet of op deselde tiid stoarn binne, soe it sa wêze kinne dat se mei de streaming dizze kant op kamen. "De oorzaak is natuurlijk nog onduidelijk, omdat de dieren nog in de vriezer liggen."

Undersyk nei de magen

De ûndersikers binne benijd oft de bisten troch ien oarsaak deagiene oft dat der mear oarsaken binne. Dêrfoar moatte se de bisten iepensnije. Se sille dan bygelyks sjen nei de mage en de ynhâld derfan.
Bij een lege maag of als een dier echt mager is, is het een aanwijzing dat het langere tijd niet helemaal goed ging.
Lonneke IJsseldijk, ûndersykster fan de Universiteit Utrecht
"Over het algemeen stellen we wel dat als dieren sterven, ze dan vaak nog wel gegeten hebben", seit IJsseldijk. "Als ze ziek zijn of verzwakt, dan is eten wel één van de eerste dingen waar ze mee stoppen. Bij een lege maag of als een dier echt mager is, is het een aanwijzing dat het langere tijd niet helemaal goed ging."
Ek screene de ûndersikers op ynfeksjesykten. IJsseldijk: "Biologisch gezien moet je aan een oorzaak denken die heel veel dieren tegelijk kan treffen."

Gehoarskea

In oarsaak fan de stjerte soe ek gehoarskea wêze kinne, troch bygelyks skipfeartferkear. De gehoarorganen fan de brúnfisken wurde opslein en ûndersocht op minyfraktueren. Ek wurdt der neigien watfoar aktiviteiten der wiene yn it gebiet. "Het zijn dan voornamelijk militaire activiteiten waar we aan denken", seit IJsseldijk. Neffens har is it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit der ferantwurdlik foar om it ûndersyk útfiere te litten en wol it dêr ek oan meiwurkje.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
"Ze zijn ook zelf bezig om dingen na te gaan en dat is wel superfijn", fertelt IJsseldijk. "Voor ons is het lastig om bij een ministerie van Defensie aan te kloppen en te zeggen: joh, wat zijn er voor activiteiten geweest? Als zo'n verzoek vanuit het ministerie zelf komt, is dat natuurlijk makkelijker. Zij pakken die kant op, en met de collega's van de Wageningen Universiteit gaan wij ons echt op de dieren focussen."

Saken útslute

De oanspielde brúnfisken binne yn steat fan ûntbining, dus neffens IJsseldijk is it ek mooglik dat net alles dúdlik wurde sil. "Dat acht ik zeker mogelijk, maar dan zullen we een aantal dingen kunnen uitsluiten. Dan blijft er een aantal aannemelijke scenario's over. We hopen dat dat lijstje niet zo lang is."
Lonneke IJsseldijk