Rolstoeltennisser Tom Egberink út Snits nei finale op de Spelen

Tennisser Tom Egberink, dy't yn Snits wennet, is op de Paralympyske Spelen yn Tokio troch nei de finale fan it rolstoeltennis. Dat sil sneon barre. Egberink wûn yn de heale finale fan de Brit Alfie Hewett mei 6-4, 7-6.
Tennisser Tom Egberink op de Paralympyske Spelen © ANP / Soenar Chamid sportfotografie
"Ik heb alleen maar kunnen dromen dat ik hier in de finale zou kunnen staan", seit Egberink yn in reaksje. Nei de kwartfinale - dat er in 'onwijs gevecht' neamde - wie er al bliid, mar in plak yn de finale hie er net ferwachte.
"Vandaag had ik iemand tegenover mij die onwijs veel knalt, dus ik moest totaal schakelen", seit Egberink oer it duel fan tongersdei. Dêryn stie er earst 3-1 achter, mar Egberink koe it reparearje. "Ik moest iets bijschaven om goed in de rally's te kunnen blijven,. Vanaf toen heb ik echt weinig kunnen missen."
De tennisser, dy't no yn Snits wennet, moast de ôfrûne jierren in soad operaasjes ûndergean: hy moast seis kear ûnder it mes. Dat soarge ek foar twivel by him, fertelt Egberink. Mar no leit der, troch syn plak yn de finale, yn alle gefallen in medalje foar him klear.