Q&A: "Op elk Frysk kampioenskip fierljeppen binne der ferrassingen"

It Frysk kampioenskip (FK) fierljeppen is sneon 4 septimber yn Winsum. Omrop Fryslân is fansels by de belangrykste Fryske fierljepwedstriid fan it jier. Folgje it op radio, telefyzje en online fan 13.30 oere ôf.
Sportferslachjouwer Freark Wijma fertelt alfêst wat we ferwachtsje kinne:
© Martin de Jong / Omrop Fryslân
Wat makket it FK sa bysûnder?
"It is foar de measte Fryske ljeppers de wichtichste wedstriid fan it jier. Elkenien dreamt fan in Sulveren Pols, of in Glêzen Ljepster.
Fiif ljeppers springe yn in Fryske trui. Dat betsjut dat dy ljepper klassemintswinner is yn syn kategory, sis mar sa't Ajax lânskampioen is by it fuotbaljen. Op it FK begjint elk wer op nul, dus op papier kinst wol de bêste fan it seizoen wêze, mar moatst it op dy dei noch wol sjen litte. En dat spanningsfjild makket it FK no krekt sa moai. Dat jout it FK in ekstra diminsje.
Der binne altyd ferrassingen. Sa hat titelferdigener Rutger Piersma ferline seizoen mar ien kear in wedstriid wûn. Tafallich wie dat it FK. Hy sprong krekt oer de 20 meter en net ien kaam dêr mear oerhinne.
Om ta sokke topsprongen boppe de 21 meter te kommen, moatte de ljeppers hieltyd mear risiko nimme. Se weagje mear, sykje de grins op en dy wurdt ek alle kearen ferlein. De kâns dat it misgiet, is dêrtroch grutter en dêrom sjochst ek faker wietsprongen."
Wisse Broekstra © Martin de Jong
Wa moatte we yn de gaten hâlde op it FK?
"Hanneke Westert is by de famkes echt in kânshawwer foar de Glêzen Ljepster. It soe samar kinne dat sy as famke de froulju ferslacht. Mar gewoanwei binne Marrit van der Wal en Tessa Kramer de grutte kânshawwers foar de wikselpriis. It is mar krekt wa't dy dei it fierste springt.
By de junioaren is Wisse Broekstra ien om yn de gaten te hâlden. Hy wie ferline jier Frysk kampioen by de jonges. Hy hat it Nederlânsk jongesrekôr op 20,72 meter set. It soe samar kinne dat de senioaren net oer syn ôfstân komme. Oane Galama is lykwols de man yn foarm, de konkurrinsje komt fan Sytse Bokma en Nard Brandsma. Ysbrand Galama is de gefaarlikste outsider."
Jorrit Bouwstra © Martin de Jong
It is gjin sport foar 'gevulde koeken' sis mar.
Freark Wijma
Is fierljeppen dreech om te dwaan?
"It liket hiel simpel, mar foar de sporter komt der hiel wat by sjen. Der kin in soad misgean ûnderweis yn dy acht sekonden tusken oanrin en útsprong.
It is in hiel fysike sport. By de oanrin fan 30 meter moatst as in sprinter fol gas jaan, dan klimst yn de pols mei maksimale krêftynspanning wylst sa'n alve meter boppe it wetter hingest en oan de oare kant donderest mei in grutte klap yn it sânbêd. Ik kin dy fertelle, dat fielst wol yn de bealch, hear. Ast dan fiif sprongen dien hast, bist stikken. It is gjin sport foar 'gevulde koeken' sis mar.
Moatst linich wêze, sterk en fluch, de koördinaasje en technyk hawwe om de pols rjocht oan de oare kant te krijen. It soe sa in atletyknûmer wêze kinne. Dat sizze bûtenlânske kommentatoaren ek gauris. Se sitte der mei iepen mûle nei te sjen en fernuverje har deroer dat de ljeppers har de fuotten net brekke.
Eins is it in sirkusnûmer, mar se sjogge der fol bewûndering en respekt nei. It kin in olympysk ûnderdiel wurde, mar dan moat de rest fan de wrâld it ek oppikke."
Wat feiten:
Oane Galama © Martin de Jong
Wat hast sels mei it fierljeppen?
"As jonge fan in jier as fyftjin kaam ik yn de kunde mei de sport. Wy wennen yn Bûtenpost en dêr wie, en der is noch altyd, in fierljepskâns. Op in dei seach ik in briefke fan âld-ljepper en FK-winner Bjinse Wolters. Koest fiif lessen krije foar fiif gûne. Sa binne myn broer en ik begûn, ik wie krekt noch in junior.
Myn broer is sels yn 1986 Frysk kampioen wurden by de junioaren. Sels ha ik yn de tachtiger jieren in pear kear meidien oan it FK, mar dat wie ek om't elk lid fan it bûn doe meidwaan koe. Ik koe krekt as Hendrik Murk Haanstra knap meikomme yn 'e B-klasse.
Ik ha de âlde sitewaasje yn Winsum noch meimakke, dat der ljept waard sûnder fêste skânsen. Der waarden foar de kroech wat houten pallets op strjitte lein, flierbedekking deroerhinne en dan sprongen we oer de grêft hinne. Yn 1986 kamen der fêste skânsen. Dêrmei waard it profesjoneler.
Myn hichtepunt wie dat ik klupkampioen waard. Doe is in foto makke mei my, Gerhard Vlieger en Etty Spriensma, beide âld-topljeppers dy't in soad betsjut ha yn de ljepperij. Etty Kramer-Spriensma is no foarsitter fan it Frysk Ljeppersbûn en mem fan Tessa Kramer dy't by de froulju springt. Dy foto is nostalgy, mar ek moai om't ik letter yn myn wurk fansels wer kontakt mei se krige."
Tessa Kramer © Martin de Jong
Ta beslút: wêrom moatte we nei it FK sjen?
"It is in noflike sport om nei te sjen, der is in soad aksje. It is in kombinaasje fan turnjen en atletyk. En kinst it maklik folgje. Ek ast it foar it earst sjochst, begrypst it. Der is mar ien regel: de fierste sprong wint."
De winnende sprong fan Thewis Hobma yn 2011 op it FK:

Fierljep Kafee

Op freed 3 septimber (18.00 en 19.00 oere) jout Omrop Fryslân radio in foarútblik op it FK yn it Fierljep Kafee út it Fierljepmuseum yn Noardburgum wei (by âld-ljepper Hannes Scherjon).
We sjogge werom op it FK fan 2011 mei de nûmers 1, 2 en 3 fan doe: Thewis Hobma, Bart Helmholt en Hannes Scherjon. Ek Hylke de Boer (Frysk kampioen junioaren 1973) is te gast.
Presintaasje is yn hannen fan Gerrit de Boer mei side-kick Hendrik Murk Haanstra.
Fierljep Kafee 3 septimber: radio 18.00-19.00 oere
FK 4 septimber: radio, telefyzje en online fan 13.30 oere ôf
It Nederlânsk kampioenskip is op 18 septimber yn Burgum. Ek dêr dogge we ferslach fan op radio, telefyzje en online.