Yn 21 fan de 34 doarpen om Ljouwert hinne gjin hûs mear te keap

Undersyk fan de gemeente Ljouwert befêstiget it byld dat elk sjocht: jongeren dy't in hûs sykje yn in doarp, fine hast gjin plak mear.
Wergea is ien fan de plakken dêr't de problemen grut binne:
Neffens dat ûndersyk hat hast de helte fan de jongeren yn it ûndersyk de winsk om te ferhúzjen; leafst 84% bliuwt it leafst yn it eigen doarp wenjen.
Hast 2.000 húshâldens dienen mei oan it ûndersyk fan de gemeente Ljouwert. It is gebrûklik dat gemeenten ynventarisearje hoe't se harren doarpefyzje ynrjochtsje moatte. Yn it ûndersyk waard ek frege nei de wensituaasje yn de doarpen. Dy waard yn trochsneed beoardiele mei in 8,2. Ek in feilige strjitte (8,0) en it tal foarsjennings (7,6) skoarden heech.

Te min oanbod

In grut part fan de respondinten ferwachtet net binnen in jier in nije wenning te finen. Fanwege te min oanbod mei de goede priis, of op de winske lokaasje. Dat jildt yn hier- en keapwenningemerk.
Yn ûnder oare Wergea meitsje se har soargen oer de wenberheid fan it doarp yn de takomst, seit Hendrik Fridsma fan in wurkgroep dy't him ynset foar it wenjen yn it doarp. "Yn de lêste tsien jier ha mar tolve Wergeasters in plakje fûn yn it eigen doarp mei in hûs yn de sosjale wenningbou."
It spyt my tige, want ik ha myn hiele libben hjir wenne. Myn hert leit hjir.
Rinske Santema-Jansen moast it doarp ferlitte, omdat se gjin geskikt hûs fine koe
En it giet net allinnich om jongerein. Rinske Santema-Jansen wenne al har hiele libben yn it doarp, mar is no nei Suderbuorren yn Ljouwert te wenjen gien. "Ik woe nei in lytsere wenning, mar ik koe yn Wergea gjin hûs krije mei in sliepkeamer ûnder", fertelt se. "It spyt my tige, want ik ha myn hiele libben hjir wenne. Myn hert leit hjir, myn sosjale libben ek."

Hast gjin oanbod op Funda

De resultaten út it ûndersyk stean net op himsels, ek op Funda is it oanbod keaphûzen yn de gemeente Ljouwert krap wurden. De gemeente telt op it stuit 34 doarpen. Allinnich de gruttere doarpen as Stiens (29), Grou (13) en Goutum (9) hawwe noch keapwenten op Funda stean, mar ek dêr hâldt it tal beskikbere wenten net oer. Meastentiids binne se al ferkocht ûnder foarbehâld of is der al in bod dien.

Keaphûzen yn doarpen fan de gemeente Ljouwert dy't oanbean wurde op Funda

Doarp
Keaphûzen (al dan net ferkocht) oanbean op Funda (1-09-2021)
Stiens 29
Grou 13
Goutum 9
Wergea 2
Jirnsum 2
Mantgum 3
Wurdum 6
Britsum 0
Warten 0
Wytgaard 3
Weidum 0
Koarnjum 0
Easterlittens 0
Hijum 0
Lekkum 0
Jorwert 0
Jelsum 1
Hilaard 0
Alde Leie 0
Himpens 0
Snakkerbuorren 0
Baard 1
Feinsum 0
Jellum 1
Bears 0
Húns 0
Friens 0
Idaerd 0
Miedum 0
Swichum 0
Eagum 0
Warstiens 0
De fragelist fan de gemeente Ljouwert oer wenjen yn in doarp is troch 1946 húshâldens ynfolle. Yntusken binne mei 17 doarpen petearen fierd oer de útkomsten, lit de gemeente witte.