Fred Veenstra bliuwt boargemaster fan De Fryske Marren

Fred Veenstra is ek de kommende jierren boargemaster fan De Fryske Marren. De gemeenteried hat dêrmei ynstimd. Veenstra is sûnt 2015 boargemaster.
Fred Veenstra © De Fryske Marren
Veenstra syn termyn rint op 1 desimber ôf. Uteinlik beneamt de kening de boargemasters, mar dat is in formaliteit. De gemeenteried docht in oanbefelling. Dêrfoar is in fertrouwenskommisje yn it libben roppen.

'Goed foar stabiliteit'

Neffens dy fertrouwenskommisje is it foar de ûntwikkeling en stabiliteit fan de noch jonge gemeente goed dat Veenstra oanbliuwt as boargemaster. Hy wurdt priizge om syn sichtberens en tagonklikheid.
"De útstrieling fan de hear Veenstra nei bûten ta is noflik, de sichtberens by aktiviteiten en eveneminten yn de gemeente wurdt troch bewenners tige op priis steld."
De gemeenteried wurdearret it dat Veenstra ek bûten de gemeentegrinzen it gesicht is fan De Fryske Marren. Veenstra is foarsitter fan de Vereniging Friese Gemeenten.