Fernijd asylsikerssintrum yn Burgum offisjeel iepene

It fernijde asylsikerssintrum yn Burgum eaget tenei as in reguliere nijbouwyk. De ôfrûne twa jier waarden yn totaal 63 nije, enerzjysunige wenningen boud. Woansdei waard it nije azc offisjeel iepene, foar it each fan tsientallen minsken.
Iepening nije azc Burgum
Boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel en bestjoersfoarsitter Milo Schoenmaker fan it COA (it Centraal Orgaan opvang asielzoekers) diene mei lokaasjemanager Miranda Bakker fan it azc yn Burgum de iepeningshanneling. Sy ferwiisden yn harren taspraken allegear nei de needsaak fan de fernijing fan de wenningen, dy't yntusken hast hielendal klear is.

"Oude barakken"

"Het was helemaal afgeschreven", sa fertelt Bakker oer de tastân fan it âlde azc. "Het waren eigenlijk allemaal oude barakken. Er moest wel nieuwbouw gepleegd worden om mensen een fatsoenlijke woning te kunnen geven."
© RTV NOF, Mats Gies
Dy nije wenningen binne der yntusken. Se binne goed isolearre, enerzjysunich en ek tige stil. "Dat is wel zo prettig, omdat meerdere gezinnen in één woning verblijven", neffens Bakker.

Seishûndert minsken

Yn it azc yn Burgum is tenei plak foar likernôch seishûndert minsken. De lêste wiken is it COA drok oan it sykjen nei lokaasjes foar flechtlingen út Afganistan. De lokaasje yn Burgum komt dêr de kommende tiid yn elts gefal net foar yn oanmerking.
Simone Scheffer yn petear mei Mats Gies oer de iepening fan it fernijde azc yn Burgum