Risikonivo foar coronafirus yn Fryslân omheech nei 'ernstig'

Yn Fryslân is it tal coronabesmettingen sa bot groeid dat ús provinsje nei it risikonivo 'ernstig' giet. Dat is it ien nei heechste risikonivo fan it Ryk. It risikonivo wie 'zorgelijk'.
Minister Hugo de Jonge hat it coronabelied yn syn portefúlje © ANP
De oerheid hat de status fan de 25 feilichheidsregio's woansdei wer fêststeld. Mei Fryslân geane ek Noord-Holland Noord, Kennemerland en Hollands Midden fan 'zorgelijk' nei 'ernstig'.
Wannear jildt wat risikonivo? © Coronadashboard
It tal positive testen op 100.000 ynwenners yn ien wike is yn Fryslân 112,4. It tal sikehûsopnamen yn Fryslân, omrekkene nei 1 miljoen ynwenners yn in wike, leit op 12,3.

Njoggen regio's 'zeer ernstig'

Yn fiif regio's giet it noch minder as yn Fryslân: dy geane nei it heechste risikonivo, 'zeer ernstig'. Dat giet om Drinte, Gelderland-Zuid, Zaanstreek-Waterland, Gooi en Vechtstreek en Zuid-Holland Zuid.
Foar fjouwer regio's jilde al dat heechste risikonivo. Dy bliuwe ek op dat nivo.

De risikonivo's fan leech nei heech: